syk foar Grou-West begûn wurdt dan neidat de ried in beslút oer de struktuerfisy Grou nommen hat sil hy syn amendemint ynlûke. Mefrou Dekker freget oft it beliedsplan ek yn de bibleteken lein wurdt en nei de Pleatslike Belan gen tastjoerd. Wethâlder Bouma nimt oan dat dat bart. Oangeande it amendemint oer Grou-West wol sy graach efkes oerlis yn it kolleezje. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 21.55 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 22.05 oere. Mefrou Bouma seit dat der net earder mei it helberheidûndersyk foar Grou-West begûn wurde sil dan neidat de ried dêr in beslút oer nommen hat. De hear Janse lûkt dan syn amendemint yn. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan 'e Wet op de Romtelike Oardering foar de gebieten: it doarp Terherne, it doarp Tersoal, it doarp Sibrandabuorren en it bû- tegebiet fan 'e gemeente. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 10. Utstel ta meiwurking oan de pleatsing fan in opstelpunt foar it C2000 netwurk op it sportter rein oan de Súdkant yn Aldeboarn. Dit útstel is fan 'e wurklist helle. 11Utstel ta it yn behanneling nimmen fan in fersyk om planskea op grûn fan artikel 49 Wet op de Romtelike Oardering oangeande in ferliende boufergunning oan de Stationsweg te Grou. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta it yn behanneling nimmen fan trije fersiken om planskea op grûn fan artikel 49 Wet op de Romtelike Oardering oangeande in ferliende boufergunning yn Reduzum, it útwreidingsplan Sibrandabuorren en wiziging bestimmingsplan/bou wente Terhernsterdyk yn Terherne. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 13. Utstel ta it ferlienen fan in kredyt foar it ûntwikkeljen en meitsjen fan bestimmingsplannen yn 2002. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 14. Utstel ta ferfanging fan de draachbere motorspuit brânwar Grou. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 15. Utstel ta it ûngrûndearre ferklearjen fan in beswierskrift oangeande it tariedingsbeslút Boarn- stee-Súd yn Akkrum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 16. Utstel ta it bekrêftigjen fan in kolleezjebeslút oangeande it tariedingsbeslút Sibrandabuorren. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 17. Utstel ta oanbesteging kollektyf fraachôfhinklik ferfier (CVV) Side 7 Document3/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 30