17. Utstel ta oanbesteging kollektyf fraachôfhinklik ferfier (CVV) De hear Roorda seit dat syn fraksje it benammen fanwegen de leefberheid yn de lytsere doarpen en de mobiliteit fan 'e ynwenners tige wichtich fynt dat mei dit útstel in dekkend iepenbier fer- fiers-oanbod ta stân komme kin. Dit ek om't de kwaliteit fan it iepenbier ferfier ûnder druk stiet en somtiden samar minder wurde kin as weifalle. Hy doelt bygelyks op it weifallen fan de bus- tsjinst Akkrum-Aldeboarn-Drachten. Lokkich kin mei it ynfieren fan CVV dizze ferslechtering op- fongen wurde. It is wol spitich dat men wol 20% djoerder út is mei it CVV. De kearside fan it CVV is dus dat it struktureel djoerder is. Is der net noch wat te dwaan oan de tariven? Kinne de minsken dy't in minimum ynkommen hawwe in berop dwaan op bysûndere bystân. Is der al nei- tocht oer de tiid nei 2004 en wat sil dêrby de ynset fan de gemeente wêze? It kolleezje giet der fan út dat troch in yntegrale oanbesteging ek it handikaptenferfier skerp oanbestege wurde kin en dat we goedkeaper út binne. Is it kolleezje ek ree it mooglike foardiel ten goede komme telitte fan de Wvg-gebrûkers, troch bygelyks har mear kilometers te jaan. Syn fraksje wol graach ynfor- mearre wurde oer it resultaat fan 'e gunning. Wat binne de gefolgen fan dizze oanbesteging foar de ferdielkaai tusken de dielnimmers oan it hoarekaferfier? As dat ek goedkeaper kin, hoecht de gemeente dan net mear by te dragen? Kwalitatyf goede tuskentiidske evaluaasjes mei alle gebrû kers binne tige wichtich. Benammen de ûnderfinings fan de handikapten telle dan swier. Sym fraksje soe oer in jier as in heal jier in soarte fan mini-enkête hâlde wolle ûnder dizze doelgroep en rapportearje dat ek werom nei de ried. Hoe sit it mei de klachteregistraasje foar it totale CVV- ferfier? Mevrouw Van den Berg zegt dat er in de commissie is gevraagd of het college direct kon starten met de aanbesteding. Is dat al gebeurd en is de aanbesteding al gepubliceerd? In de overeen komst met de provincie worden nogal wat data genoemd, onder andere het begin van de looptijd, 1 mei 2002en de datum waarop de overeenkomst eindigt, namelijk 31 augustus 2007. Juist over die opzegging, de wijziging en de looptijd wil haar fractie nog wat vragen. In artikel 3, lid 2 staat dat de provincie bij financiële risico's, de overeenkomst éénzijdig kan opzeggen. Wat gebeurt er als uit een evaluatie blijkt dat de kwaliteit van het Wvg-vervoer terug loopt? De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje tige wiis is mei it CVV. Hy freget oft de jongerein mei in OV-jierkaart ek fergees gebrûk meitsje kin fan it CVV. Is der sekerheid dat moarns betiid grutte groepen jongerein ferfierd wurde kinne? Wat giet no aanst tellen by bygelyks de rûte Aldeboarn- Drachten: krekt oan it sintrum as de râne ta fan Drachten? Wethâlder Bijlsma betanket de sprekkers foar de goede wurden foar dizze positive Ontwikkeling fan berikberens en leefberheid fan de doarpen. Der is by de provinsje pleiten foar in fuortsetting fan de bustsjinst Akkrum-Drachten. Dat is net alhiel slagge, mar oerdei sil der in bustsjinst wêze fan Akkrum nei Nij Beets dêr't men oerstappe kin op in bus nei Drachten. Foar de jûns en de wykeinen kin men aanst in berop dwaan op it CVV. By de provinsje is mei sukses pleite foar it oplûken fan it maksimum oantal kilometers ta 25 dat Drachten der sa dwaande ek Onder fait. Dat it CVV aanst djoerder wêze sil as it iepenbier ferfier is noch in ynskatting en ôfhinklik fan de oan besteging. De provinsje subsidiearret in bepaald fêst bedrach de kilometer. As de oanbesteging leger útfalt wurdt dêrmei de bydrage fan de gebrûkers ek leger. It CVV sil wol wat djoerder bliu- we as de bus, mar it CVV hat as foardiel dat jo fan hûs helle wurde. Hy wit net oft minsken hjir- foar ek in berop dwaan kinne op de bysûndere bystân. Foar formele besites oan it gemeentehûs soe mooglik in reiskostenfergoeding tsjinoer stean kinne. Hy sil dat noch útsykje. In oanbesteging yn ien kear hat mooglik ta gefolch dat Wvg-ers in grutter tal kilometers taskikt krije kinne. De gunning is in foech fan it kolleezje. As de gunning plakfûn hat sil it kolleezje de ried dêroer yn- formearje. Der sil fan tiid ta tiid evaluearre wurde. Dat bart al foar it Wvg-ferfier. By de taksi- Ondernimers is al in klachteregeling en dat sil ek yn de nije sitewaasje sa wêze. As it nedich is sil der ek seker reklamearre wurde. En yn it uterste gefal sil dat liede ta it opsizzen fan it kontrakt. It bestek is de doar út en wurdt dizze as oare wike publisearre. Begjin takom moanne is der in sa- Side 8 Document3/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 31