neamde pre-bid. Eindatum fan ynskriuwen is ein juny. Sa ûngefear de tredde wike fan juny sil dúdlik wêze wa't it gund krijt. De start is bepaald op 1 septimber en dat sil ek sa yn de bestjoer- soerienkomst mei de provinsje opnommen wurde. CVV is iepenbier ferfier en de OV-jaarkaart jil- det dêrfoar dus ek. De hear Janse freget oft der foar de gunning noch mei ried praten wurdt oer de gunning. De hear Roorda freget oft it kolleezje noch neitocht hat oer de tiid nei 1 jannewaris 2004. Hy wol graach wat hearre oer syn suggestje om in mini-enkête te hâlden ûnder de gebrûkers en dan fral de Wvg-ers. Wethâlder Bijlsma seit dat de gunning it foech fan it kolleezje is en dat de ried ynformearre wurde sil. *Hy seit ta dat de ried ein juny ynformearre wurde sil oer de foarnommen gunning. Der is noch net folie bekend oer de perioade nei 1 jannewaris 2004. Der leit wol in yndikaasje dat mooglik de provinsjale bydrage faai komt te stean. Hoe't der dan hannele wurde sil, sil ek seker mei de ried bepraten wurde. It sil yn elts gefal net op kosten fan it Wvg-ferfier gean. Heechút krijt it CVV dan in oare foarm. Om de twa jier wurdt der in enkête Onder de Wvg-ers hâlden. *Sa'n enkête wurdt ek takom jier wer hélden en mooglik kinne ek oare CVV-ers dêr by belutsen wurde. Ek it hoarekaferfier sil dêryn in punt fan omtinken wêze. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 18. Utstel ta it ynstimmen mei de Tijdelijke regeling vroegsignalering (TRV) SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 19. Utstel ta it ferlienen fan in oanfoljend kredyt foar de earste ynrjochting i.b.s. De Trije Doar- penskoalle. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 20. Utstel ta it ferlienen fan in kredyt foar de útwreiding húsfestingskapasiteit Master Wielsma- skoalle. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it Otstel besletten. 21. Utstel ta it fêststellen fan de beliedsnotysje pjutteboartersplakken 2002-2006. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it Otstel besletten. 22. Utstel ta it fêststellen fan de Algemiene subsydzje Oardering Boarnsterhim 2002. De fice-foarsitter, mefrou Van den Berg sit de gearkomste foar Onder dit punt. De hear Van der Meulen seit dat yn de réaksjenota stiet it kolleezje net fan plan is om artikel 13, lid 1 te wizigjen. Syn fraksje hie Otsteld om de termyn fan 12 wiken werom te bringen nei 8 wi- ken, om't de termyn fan 12 wiken yn bepaalde gefallen in beheining wêze kin. Hy soe noch graach dizze wiziging trochfiere wolle. De foarsitter fan de ried seit dat it kolleezje yn de oerwagings belutsen hat dat der in regeling makke wurdt foar de grutte bulk oan oanfragen dy't der komme sil. As der inisjativen binne sa't de hear Van der Meulen oanhellet is it kolleezje ree en meitsje gebrûk fan in positive Ontwyk- mooglikheid yn oerlis mei de ried. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it Otstel besletten. Document3/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 32