BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 13 maart 2002 om 19.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meuten, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom by de léste gearkom ste fan dizze ried. Hy stelt út te begjinnen mei de wurklist. As earste de punten dy't foarige kear lizzen bleaun bin- 22. Utstel om yn te stimmen mei de Regiofisy ambulantie ferslavingssoarch. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 23. Utstel oangeande de reorganisaasje fan de regionale yndikaasje organen yn Fryslân. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie graag instemt met dit voorstel. Zijn fractie verbaast zich er over dat de personeels- en huisvestingskosten gaan toenemen. Mefrou Wegman seit dat har opmerking op itselde delkomt. Sy wol graach de tasizzing dat der in taljochting op de finânsjes jûn wurdt yn de kommisje. De foarsitter seit dat it inisjatyf ta skaalfergrutting útgien is fan de minister. Hy seit ta dat it kol- leezje de finger oan de pols hélde sil at it om de friksjekosten giet. It kolleezje is bést kritysk at it giet om de kosten fan dit nije orgaan. Mefrou Santema seit dat ek har fraksje soarch hat oer de finénsjes. Der wie in goed RION en der kin mar net troch reorganisearre wurde. Hoe tichter dizze foarsjenning by de minsken, hoe better tinkt har fraksje. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 24. Utstel om yn te stimmen mei it konsept Ontwerp Wenplan Boarnsterhim. De hear Van der Sluis seit dat it kolleezje tefolle kontingint útjûn oan projektûntwikkelers yn Ak krum en Grou. De ferplichtingen kinne net weromdraaid wurde om't dat tefolle jild kostet. Syn fraksje wol hielendal gjin grutte útwreidingsplannen by lytse doarpen, mar wol safolle dat der in sûn leefklimaat bliuwt. Fral mei de werstrukturearing fan de doarpen. Útsûndere Grou, Akkrum en Wergea hat syn fraksje grutte muoite. It kolleezje fynt it net de muoite wurdich om oer de lytsere doarpen te praten. Foar it part dat levere wurdt foar Akkrum, Grou en Wergea oanbelanget is syn fraksje it wol mei it kolleezje iens. Mar syn fraksje fynt dat dat ek foar de oare doarpen jilde moat. It Wenplan is hiel dúdlik as it giet om de frijkommende huzen troch werstrukturearing. Si- taat: "Het vrijkomende kontingent zal uitsluitend in de drie grote dorpen worden ingezet". Dúdli- ker is net mooglik. Sa as it der no stiet betsjut dit it útklaaien fan de lytse doarpen. Nei de twad- notulen ried 13 -03-2002 ll/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 3