de wrâldoarloch is der in bertegolf west en de gefolgen foar de kommende jierren kinne op 'e klompen wol oanfield wurde. Der sil in grut ferlet ûntstean fan senioarewenten en libbensrinbe- stindige wenten. Der is yn dit Wenplan fierstente min omtinken foar dit probleem. De âlderein fielt har thús op 'e doarpen, men hat der famylje en freonen wenjen. Ek de help fan buorlju is op de doarpen faak better regele as yn in frjemd plak. Ferhúzje nei de gruttere doarpen is foar harren in grut maatskiplik ferlies. Neffens de VVD moat der yn it Wenplan foHe mear omtinken bestege wurde oan de bou fan senioarewenten en libbensrinbestindige wenten yn de doarpen rûn Ak krum, Grou en Wergea. It frijfallend kontingint sil tafoege wurde oan de pot fan 25 wenten be- stimd foar de lytse kearnen. Syn fraksje is fan betinken dat de doarpen dêr't it frijfallende kontin gint weikomt dêr ek rjocht op hat. Syn fraksje tsjinnet in moasje yn mei de tekst: "De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering bijeen op 13 maart 2002 draagt het college op om het concept ontwerp Woonplan Boarnsterhim van 16-01-2002 op de volgende wijze aan te vullen: Woningcontingent wat vrij komt door herstructurering moet voor alle dorpen behouden blijven. Dit geldt ook voor het zogenaamd vrijvallend contingent. En gaat over tot de orde van de dag." De foarsitter seit dat de moasje foldwaande ûndertekene is en dus Onderwerp fan de diskusje is. De hear Janse seit dat it Wenplan tige wichtich is foar de takomst fan de doarpen. De takomst foar Grou, Akkrum, Wergea en Terherne liket der goed út te sjen. Mar foar de rest fan de doar pen is it net sa bysûnder. Trijekwart fan it reguliere kontingint giet nei Grou en Akkrum. It ekstra kontingint fan de werstrukturearing giet ek nei Grou en Akkrum. Senioarewenten benammen yn Grou en Akkrum. Oan 1 992 ta wie der oer it generaal in lytse groei yn de doarpen oer de hiele gemeente. Nei 1992 is it mis gien, doe wie der allinne noch groei in Akkrum, Grou en Terherne. Dat komt om't doe it stjoer út hannen jûn is oan de projektûntwikkelers op Boarnstee en Meinga. No bepale de projektûnwikkelers wêr't de ekstra wenten út de knyppuntenpot hinne geane. Dat moat oars. Mei it útstel fan it kolleezje om in paragraaf "knelpunten kleine kernen" ta te heakjen jout it kolleezje oan dat hy him de krityk fan de lytsere doarpen en fan syn fraksje oanlûkt. Syn fraksje fynt dat posityf. Yn dy paragraaf stelt it kolleezje út om it kontingint wenten yn it ramt fan it opplussen fan it wentekontingint fan it Stedsgewest, ta te skikken oan de lytsere doarpen. Lykwols, hoe wis is dit kontingint en hoe grut? Krijt Boarnsterhim wol wat taskikt? Syn fraksje fynt dit allegear wat ûnwis. Syn fraksje stelt dêrom út om it tal wenten dat frijfalt by de wertel- ling fan de wenten yn Grou en Akkrum/Nes yn te settten foar de wente bou yn de lytsere doar pen en om de frijfallende wenten yn dy lytse doarpen doer ek te hâlden. Hy sjocht dat graach sa opnommen yn it Wenplan, om't it tal wenten yn Grou, Akkrum/Nes ûnevenredich tanommen is. It tal wenten yn de eardere gemeente Rauwerderhem en yn Aldeboarn is tebekrûn en it is wol tiid dat dêr wat oan bart. Ek neamt hy Reduzum, om't Reduzum sûnt de weryndieling op eigen krêft groeid is en koartlyn it Masterplan presintearre hat. Mei it tawizen fan de frijfallende kontinginten binne we der noch net. Der moatte ek bestimmingsplannen komme, benammen foar Raerd, Jirn- sum en Reduzum. It krekt fêststelde mearjierrenprogram bestimmingsplannen biedt dy mooglik- heden, sawol finansjeel besjoen as besjoen nei minskekrêft. Syn fraksje fynt de sin op side 51 oer it bouwen foar eigen ynwenners te frijbliuwend. Dat moat twingender. Hy stelt dêrom út yn it Wenplan op te nimmen dat de gemeente oangeande it bouwen foar eigen ynwenners in foar- rangsbelied ûntwikkelje sil. De heer Postma zegt: "Gemeentebelangen 2000 Boarnsterhim is verheugd om te kunnen consta teren dat er thans, na veel aandringen in de afgelopen jaren in de raadscommissie ROVVM, een Concept ontwerp Woonplan Boarnsterhim aan de Gemeenteraad ter goedkeuring wordt voorge legd. Dit is overigens wel circa drie jaar later dan het moment dat de provincie Fryslân de Friese gemeenten heeft verzocht om met een Woonplan te komen en ruim twee jaar nadat een Woon plan bij de provincie Fryslân kon worden ingediend om daarmee een claim te leggen op de pot van 3.200 extra woningbouwcontingenten voor Fryslân. Naar wij van het College, bij monde van wethouder Bouma, hebben begrepen ligt de oorzaak van deze vertraging bij Friestins Woonbe- Side 2 notulen ried 13 -03-2002 ll/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 4