BOARNSTERHIM gemeente RIEDSUTSTEL INISJATYF FAN DE FRAKSJE FAN DE FNP Kommisjegearkomste Agindapunt Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner telefoan: 0566 - 629383, e-mail: secretariaat@boarnsterhim.nl 21 maaie 2002 22 (B-stik) wethâlder J. Bouma-van den Brink mf. S.J. Huisman Underwerp: It tadielen fan frijkommend kontingint oan de lytse kearnen yn de gemeente Boarnsterhim. Utstel: 1diel it oandiel fan Boarnsterhim yn it net troch de gemeente Ljouwert brûkte kontingint wentebou ta oan de lytse kearnen fan ús gemeente; 2. draach it kolleezje fan B en W op in útfieringsútstel foar it konkreet tadielen fan dit ekstra kontingint oan de ried ta fêststellen foar te lizzen. Ynlieding: De gemeenteried hat him by it fêststellen fan it Wenplan yn maart 2002 útsprutsen foar it temjit- te kommen oan de winsk ta mear wenteboumooglikheden yn de lytse kearnen fan Boarnsterhim. No hat de fraksje fan de FNP fernommen út de Leeuwarder Courant dat de fiif buorgemeenten fan Ljouwert 450 wenten ferdiele meie om 't de gemeente Ljouwert net it him tadielde kontingint wenten folslein brûkt. De fraksje fan de FNP wol hjirby gebrûk meitsje fan it rjocht in inisjatyfútstel yn te tsjinjen foar de riedsgearkomste fan 21 maaie 2002. Dit rjocht is regele yn artikel 36 fan it Reglemint fan oarder foar de gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim. Dêrta hat de fraksjefoarsitter in oankundiging dien oan it riedspresidium op 25 april 2002. It skriftlike fersyk oan de foarsitter hawwe wy op 'e tiid, foar it ferstjoeren fan de wurklist yntsjinne op moandei 6 maaie 2002. Arguminten: 1. Hjirmei kin diedwurktik ynfolling jûn wurde oan de driuwende winsk om ekstra wentebou mooglik te meitsjen yn de lytse kearnen. Ut de ynspraakréaksjes op it konsept Wenplan is breed de winsk nei foaren kommen om de lytse kearnen yn ús gemeente net op slot te setten. Foar de leefberens is it needsaakiik dat dêr wente bou op lytse skaal mooglik bliuwt. De ried hat dizze winsk yn algemiene, beliedsmjittige sin stipe. No docht de konkrete mooglikheid him foar dêr ynfolling oan te jaan. Under it begryp lytse kear nen fersteane wy yn dit ferbân alle kearnen fan Boarnsterhim útsein Grou, Akkrum en Wergea. 2. it lykwichtich tadielen fan it ekstra beskikber kommend kontingint wentebou oan de lytse kearnen freget noch neiere útwurking. 23. inisjatyfútstel FNP/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 72