Foar it tadielen fan dit ferwachte ekstra kontingint wenten is noch gjin konkreet ferdielingsútstel makke. Ek binne de kritearia noch net bekend dy't jilde foar de ferdieling fan de 450 wenten oer de buorgemeenten fan Ljouwert. Wy steane in earlike ferdieling foar fan in sa grut mooglik tal wenten oer ús lytse kearnen en fersykje it kolleezje fan B en W yn acht nommen it Onder 1 fêst- leine útgongspunt fan de ried in konkreet útwurkingsútstel oan de ried foar te lizzen. Finânsjes: Foar it útwurkjen fan dit inisjatyfútstel hat de fraksje fan de FNP 3 oeren fan de dêrfoar beskikbe- re kapasiteit fan de riedsgriffier brûkt. Taheakke: Kranteberjocht yn de Leeuwarder Courant. Beslút: konform útstel ôfwikend, te witten: Grou, 21 maaie 2002. De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim, de griffier, de foarsitter, (R.P. van der Starre) (Y. Dijkstra) Kopy oan: Side 2 23. inisjatyfútstel FNP/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 73