minsken foarrang te jaan, sa as de FNP wol, giet syn fraksje wat te fier. Hy is it der mei iens dat der yn Aldeboarn sa gau mooglik wat barre moat mei it terrein fan Knol. Reduzum en Raerd binne net meinommen en dêr is syn fraksje it net mei iens. It is in goede saak om by de provinsje te be- sykjen mear wenten foar Boarnsterhim te realisearjen. Syn fraksje tsjinnet in moasje yn mei de tekst: "De ried fan Boarnsterhim, byien op 13 maart 2002, fersiket it kolleezje om it konsept Wenplan Boarnsterhim mei de hjirnei folgjende tekst oan te foljen: Ek foar de lytsere doarpen Raerd en Reduzum bliuwt de mooglikheid iepen om tuskentiids in wurk-Wenplan te ûntwikkeljen foar benammen de ynwenners fan dy doarpen." De foarsitter seit dat de moasje foldwaande ûndertekene is en dus diel útmakket fan de besprek- king. Wethâlder Bouma seit dat yndied in Wenplan in wichtich plan is. It moat sa gau mooglik nei de provinsje. De knipepunten binne it tal wenten foar de lytse doarpen. Foar de grutte doarpen jilde de ôfspraken dy't yn it ferline makke binne. Boarnsterhim kin net ûnder dy ófspraken út, oars soe dat de gemeente in hiele protte jild kostje. It kolleezje is it iens mei de ried dat der soarch bestiet oer it lytse tal wenten, dat op dit momint ynsichtlik makke wurde kin. Yn it útstel stiet dan ek hoefolle wenten der oanfrege wurde sille út de knipepuntenpot. Der sil hiel goed oanjûn wurde moatte dat Boarnsterhim ek wier dy 320 wenten realisearje wol. Der is ek oantoand wêr't de 25 fan de 59 wenten dy't reservearre wurde, hinne gean sille. Der is ek oanjûn dat ek út de ynventa- risaasje fan de húsnûmers, dy't frijfalle, ek út it restkontingint komme moatte en eventueel út de herferdieling út it stedsgewest. It kolleezje set alles yn om dat lytse restkontingint sa grut moog lik te meitsjen. De grutste werstrukturearingsplannen spylje harren óf yn de grutste doarpen en net sasear yn de lytse doarpen. Yn de lytse doarpen sil folie mear in werstrukturearing plakfine mei it ynfollen fan "wonen op maat" en libbensbestindige wenten. It kolleezje komt dus oan de winsken fan de ried temjitte. Der is yndied in grut ferlet fan senioarewenten en dêr is in protte oer skreaun yn it folkshúsfestingsplan. Oer de oantallen kin aanst mei Friestins oerlein wurde. It kolleezje komt aanst nei de definitive fêststelling fan it Wenplan mei Friestins ófspraken meitsje oer hoe en wêr senioarewenten boud wurde kinne. Dat komt ek allegear werom yn de ried per projekt. De ried hat mei de projektûntwikkelers ófspraken makke oer de grutte projekten Meinga en Boarnstee. De Stedsregio is goed oan de slach om safolle mooglik wenten hjir hinne te krijgen. Yn de mearjierrenplanning bestimmingsplannen binne ek Reduzum en Raerd opnommen. As dy bestimmingsplannen oan bar binne, en dat hoecht net oan 2010 te wachtsjen, kin der it doarp besjoen wurde wat der barre moat. Raerd komt oan bar yn 2004 en Reduzum yn 2006. It kol leezje sil besykje oft it mooglik is foarkar te jaan oan de eigen ynwenners, foar safier dat mooglik is. Boarnsterhim docht net te let in berop op de pot fan 3200. De 960 binne gewoan reservearre foar it Stedsgewest. Der is hiel frekwent goed oerlis mei Friestins. It is ferstannich om dit beslút yn de âlde ried noch te nimmen. As it Wenplan fêststeld is troch de ried, giet it nei de provinsja- le folkshúsfestingskommisje. De réaksje fan dy kommisje wurdt ferwurke en de oanpaste fersy giet fia kolleezje nei de ried. Dan wurdt it plan 4 wiken op besjen lein. Nei de réaksjenota dêrop wurdt it plan fêststeld troch kolleezje en ried. Sa gau as it Wenplan fêststeld is kin der mei de út- fiering begûn wurde. Dan komt der in plan fan oanpak. Doarpsinisjativen wurde meinommen as it oan de ynfolling ta is. De hear Bijlsma nimt syn plak yn. De hear Van der Meulen seit dat der yn de earste termyn in protte fragen steld binne en der binne moasjes yntsjinne. Dat jout allegear wol oan dat de âlde ried perfoarst net tefreden is mei it stik dat no foarleit. Der moat fan alles oan dien wurde om it noch in bytsje akseptabel te krijen. Syn fraksje hat ek al yn de kommisje oanjûn dat it Wenplan tekoartsjit as it giet om de wentebou yn de lytse doarpen. De wenteboulokaasje yn Raerd dy t al jierren bekend is, stiet net op de kaart. Side 6 notulen ried 1 3 -03-2002 ll/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8