Dit jout al oan dat it Wenplan net doocht. Syn fraksje wol dêrom dat it kolleezje it plan werom- nimt en lit it komplete plan troch de nije ried fêststelle. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje de moasje hanthavenet. Hy freget him óf, hoewol't de moasje him wol oansprekt, yn hoefiere de moasje fan de VVD kontraproduktyf is. As der yn de lytse doarpen wenten frijkomme moatte dy wol brûkt wurde kinne yn dyselde doarpen. Syn fraksje is fan betinken dat it Wenplan no wol fêststeld wurde kin. De hear Janse seit dat ek syn fraksje dat fynt. It Wenplan soe lykwols oanskerpe wurde moatte wat de lytse doarpen oanbelanget. Syn fraksje wol dat de wenten dy't sloopt binne en dêr't net nije foar weromkaam binne yn Akkrum/Nes en Grou om dy ta te heakjen oan it kontingint foar de lytse doarpen. Hy wol dit as amendemint ynbringe, mei de tekst; "Amendemint op de oanfoljende paragraaf 6.6 Knelpunten kleine kernen fan it kolleezje op it Wenplan. Taheakje: teffens sil it frij- kommend tal wenten by wertelling fan de wenten yn Akkrum en Grou ynsetten wurde foar de wentebou yn de lytsere doarpen. Ek sille de wenten dy't yn dit ramt yn de lytse doarpen seis frij komme yn dizze doarpen ynsetten wurde." Hy kin him aardich fine yn de moasje fan de VVD. Allinne it moat net sa wêze dat it frijfallende kontingint fan de werstrukturearing allinne nei de lytse doarpen giet. Hy tinkt dat dat net kin. GB 2000 seit dat guon fraksjes weromkomme op it goedkarren fan de Koepelnotysje Stedsgewest. Syn fraksje hat destiids ynstimd om't de Koepelnotysje net oer oantallen gie, mar oer ófspraken en prosedueres. Syn fraksje stipet de moasje fan de PvdA. De foarsitter seit dat it amendemint foldwaande ûndertekene is. It makket diel út fan de beslút- foarming. De hear Postma seit dat op syn fraach nei de status fan de beändering fan de fragen fan GB 2000 gjin antwurd kommen is. As dy beäntwurding in stik fan it kolleezje is dan konstatearret hy dat der dochs wat spanning is tusken datjinge wat it kolleezje no taseit oan de ried en dat wat der yn it stik stiet. Syn fraksje hat frege op hokfoar wize de ried belutsen wurdt by de fierdere útwurking fan it Wenplan. It antwurd wie dat de ried tidich op 'e hichte steld wurde sil. Dat is wat oars dan wat yn de earste termyn tasein is, nammentlik dat de ried it goedkarre moatte sil. Hy konstatearret dat it kolleezje op koarte termyn in berop dwaan wol op de knyppuntepot fan 960 wenten foar it Stedsgewest Ljouwert. De ynstek yn de beändering fan syn fragen is in oa- ren-ien. Dêryn wurdt sein dat yn BOSL besprutsen is op hokfoar wize der in berop wurde kin op in part fan de 2920 ekstra wenten dy't de provinsje as ekstra klaim by it ryk oant 2010 delleit. Syn fraksje hat konstatearre dat dat in net begeanbere wei is om't deputearre Heidoorn al sein hat dat op dit stuit it Stedsgewest op basis fan de besteande monitoring net by steat is om de besteande kontinginten fol te bouwen. De gemeente Boarnsterhim soe no in klaim lizze moatte op de romte dy't de ôfrûne jierren ûntstien is binnen it kontingint fan it Stedsgewest. Der soe in ôfspraak makke wurde moatte dat wêr de iene gemeente achterbliuwt in oaren-ien, bygelyks Boarnsterhim de romte krijt dat yn te foljen. Gemeentebelangen 2000 is der in grut foarstanner fan it ynfollen fan de wentebou-ambysje yn de lytse doarpen. Dêr moat ek mear romte foar komme. It Onderbouwen dêrfoar yn dit Wenplan is te meager. Hy trunet der by it kolleezje op oan dêr in stevige Onderbouwing Onder te lizzen sadat it Stedsgewest, respektivelik de provinsje dêr net omhinne kin. Syn fraksje is it iens mei de FNP dat yn kaart brocht wurde moat wat der de óf- rûne jierren sloopt is en wat der oars oan de wentefoarried Ontlutsen is. De tekst fan de VVD- moasje is wat faach. Hy freget noch in taljochting. De moasje fan de PvdA smyt de fraach op oft we yn elts doarp wen-wurklokaasjes Ontwikkelje wolle. Wat tinkt it kolleezje hjir fan? Foar inisja- tiven út de doarpen wei oangeande bedriuwichheid moat der foldwaande romte wêze om de eko- nomyske bedriuwichheid by de doarpen te hélden. Side 7 notulen ried 13 -03-2002 ll/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9