De foarsitter slút neidat de stimbriefkes ophelle binne de gearkomste om 22.48 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.50 oere. Mefrou Verkerk makket de útslach fan de stimming bekend. Der binne 17 stimmen útbrocht. 5 op de hear Bijlsma en 12 op de hear Roorda. De foarsitter konstatearret dat dêrmei de hear Roorda beneamd is as fice-foarsitter fan de ried. Hy lokwinsket de hear Roorda mei syn beneaming. 11It beneamen fan de foarsitters en plakferfangendee foarsitters fan de riedskommisjes. De foarsitter freget de ried kandidaten foar de funksje fan foarsitter en plakferfangendee foarsitter fan 2 riedskommisjes te stellen. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje mefrou Dekker kandidaat stelt as foarsitter fan de tiisdeikom- misje. De hear Van der Meulen ropt nochris de opposysjefraksjes op mei kandidaten te kommen. De hear Bijlsma freget dúdlikheid oer hoe't de kommisjes fan de fraksjes út beminske wurde moat- te. De hear Zijlstra seit dat der 2 leden út elke fraksje yn elke kommisje sitte sille. De foarsitter seit dat it systeem fan plakferfangende leden krekt sa wêze sil as yn de foarige peri- oade. De hear Janse seit dat syn fraksje útsteld hat in breed petear te hawwen oer de fraach oft der wol riedskommisjes komme moatte. Troch de mearderheid is gewoan steld dat der twa kommisjes komme. As der breed oer praten west wie, hie de mooglikheid der west dat der ien as hielendal gjin kommisje komt. Sa't it no gien is, is gjin goede saak. Syn fraksje hat der dêrom gjin ferlet fan om kandidaten te stellen. It liket dan :hjir hún, hast in bonke. De foarsitter seit dat de diskusje oer it riedsprogramma net wer oerdien wurde moat. De hear Van der Meulen seit dat as der net in opposysjepartij is dy't in kandidaat stelt syn fraksje graach de hear Gerbrandij as foarsitter fan de moandeikommisje kandidaat stelt. De foarsitter konkludearret neidat hy de ried dêrnei frege hat, dat de hear Gerbrandij en mefrou Dekker beneamd binne as foarsitter fan respektivelik de moandei- en tiisdeikommisje binne. Dan moatte der no noch plakferfangende foarsitters beneamd wurde. De hear Postma seit dat syn fraksje de hear Boringa as plakferfangende foarsitter foar de tiisdeikommisje kandidaat stelt. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje de hear De Vries kandidaat stelt as plakferfangende foarsitter fan de moandeikommisje. De foarsitter konstatearret neidat hy de ried dêr nei frege hat, dat de hearen De Vries en Boringa beneamd binne as plakferfangende foarsitter fan respektivelik de moandei- en de tiisdeikommisje. 12. Sluting. Side 8 notulen ried 08-05-2002/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 10