BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 21 maaie 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma (wethâlder), J. Bouma-van den Brink (wethâlder), J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju A. Bijlsma, S. Bouma, J. Gerbrandij, J. Hemminga, S.G. Janse, G. de Jong, H.A. Jonkers (wet- hâlder), D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.R. Soeten en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hearen N. Boringa en A.J. de Vries Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Griffier: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) 1lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de le den Boringa en De Vries behindere binne de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan 'e oarder: 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan dizze gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. Mefrou Dekker wol graach fan punt 11 in B-stik meitsje. Hoe is it kolleezje der ta kommen fan punt 21 in A-stik te meitsjen? De foarsitter stelt de ried út om oan it fersyk fan mefrou Dekker temjitte te kommen. By punt 21 sil efkes útlis jûn wurde. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 13 maart 2002 en 16 april 2002. De ferslaggen wurde net feroare fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 1: De hear Bouma freget nei it belied fan it kolleezje op dit mêd. Wethouder Jonkers zegt dat hij het antwoord schuldig moet blijven. Hij zegt toe dat hij de raad zal informeren. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. notulen 21-05-2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 12