6. Utstel ta it ynstellen fan riedskommisjes en ek útstel ta it beneamen fan leden fan (rieds)kommisjes en leden fan bestjoersorganen fan mienskiplike regelingen. De fice-foarsitter fan de ried, de hear Roorda, sit de gearkomste foar Onder dit punt. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje in oare mear funksjonele clustering útstelt, nammentlik Algemiene Saken keppele oan WUK foar de moandeitejûn en ROFFM keppele oan W&R foar de tiis- deitejûn. De foarsitter fan de ried seit dat dizze fraach ek noch yn it riedspresidium oan 'e oarder west hat. It is de ried dy't bepaalt hokfoar Onderwerpen der yn de kommisjes oan 'e oarder komme. Dêr is be- sletten dat de al bekende clustering fuortsetten wurde sil. Dit feroarje is miskien in foardiel, mar elk foardiel hat ek in neidiel bygelyks foar it sekretariaat. Der is ek al ôfpraat oer in jier de kommisje- struktuer te evaluearjen. Mefrou Dekker seit dat it har fraksje net alhiel dúdlik is wêrom de CDA-fraksje dit sa hawwe wol. De hear Bouma seit dat syn fraksje ek in oare clustering Otstelle wol, moandeitejûn de "hurde" te- ma's en tiisdeitejûn de "sachte" téma's. De hear Bijlsma seit dat syn fraksje wol fielt foar it idee fan de hear Van der Meulen. De kommisjes moatte net ophongen wurde oan de portefúljes fan de wethâlders mar mear oan de Onderwerpen. De hear Van der Meulen seit dat nei funksjonaliteit sjoen ROFFM folie better past by W&R. De foarsitter fan de ried seit dat kommisjes in ynstrumint fan de gemeenteried binne. As de ried dus in oare clustering wol is dat wat it kolleezje oanbelanget gjin punt. Der binne no trije Otstellen: dat wat yn it Otstel stiet, it Otstel fan de hear Bouma en it útstel fan de hearen Van der Meu- len/Bijlsma. De fice-foarsitter konkludearret dat de mieningen ferskille. Twa fraksjes hawwe harren noch net Ot- sprutsen. De hear Postma seit dat yn syn fraksje hiele oare saken spilen. De "âlde" yndieling hat al fjouwer jier goed funksjonearre, dus dêr hoecht net perfoarst wat oan te feroarjen. It oare punt wie de be- skikberheid fan minsken op de beide kommisjejûnen. Syn fraksje hat in ynfolling makke op grûn fan it Otstel fan it kolleezje. Feroaret de yndieling dan sil syn fraksje dat wer op en nij besjen moatte. Is it net handich oant novimber op de âlde foet fierder te gean en miskien kin dat foar it gearkomstes- kema foar 2003 makke wurdt de saak op en nij besjoen wurde. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ek Otgien is fan de âlde yndieling by it foardragen fan in kom- misjefoarsitter en de leden fan de kommisjes. Hy hat der net safolle ferlet fan de saak wer oer de kop te skuorren. Hy fynt dat de hear Van der Meulen earder mei syn Otstel komme moatten hie. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje graach no de wiziging yn clustering yngean litte wol. De fice-foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. It meast fiergeande Otstel, dat fan de hea ren Van der Meulen en Bijlsma, wurdt earst oer stimd. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dit Otstel it helle hat mei 8 stimmen foar en 7 tsjin. Tsjin hawwe stimd de leden Hemminga, Postma, Soeten, Troost, Zijlstra, Dekker en Roorda. Side 2 notulen 21-05-2002/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 13