De hearen Zijlstra en Postma freegje om in tydlike sluting om te praten oer hoe't it no moat mei de tadieling fan leden foar de beide kommisjes. De foarsitter kin him de ûndúdlikheid wol wat yntinke. As der ôfpraten wurde kin dat foar de juny- kommisje de âlde yndieling noch bestean bliuwt kinne de leden fan de kommisje yn de kommende riedsgearkomste beneamd wurde. De hear Bijlsma seit dat syn fraksje graach gebrûk meitsje wolle fan it rjocht om net-riedsleden te beneamen as kommisjelid. Dy sille ek beëdige wurde moatte. De foarsitter seit dat as dy net-riedsleden de kommende riedsgearkomste oanwêzich binne sy ek fuortendaliks beëdige wurde kinne. De fice-foarsitter konkludearret dat by akklamaasje besluten is ta it beneamen fan fertsjintwurdigers yn mienskiplike regelingen konform de foardracht. 7. Utstel ta it ynstimmen mei it advys fan de kommisje Berop en Bes wier oer 25 beswierskriften tsjin it riedsbeslút fan 22 maaie 2001 oangeande tariedingsbeslút Wergea. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel om yn te stimmen mei it advys fan de kommisje Berop en Beswier oer it beswierskirft oangeande wiziging útbetellingsjier subsydzje restauraasje wente Nummer 68 te Dearsum. Sûnder diskusje en sdnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel ta ferfanging frachtwein DAF 2700. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 10. Utstel ta ferfanging fan de wietstrui-ynstallaasje. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11. Utstel ta it oanskaffen fan twa skaftweinen. Mefrou Dekker seit dat sy yn de kommisjegearkomste freegje soe oft der by Empatec in offerte fre- ge is en sa ja wat de útkomst dêrfan wie. Dy kommisjegearkomste is net trochgien yn ferbân mei de moard op de hear Fortuyn. Dêrom stelt sy dizze fraach no. Wethouder Van den Berg zegt dat als de raad akkoord gaat met dit krediet er een aantal offertes zal worden aangevraagd waaronder bij Empatec uit Sneek. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta oanskaf fan in "Gemalenbeheerssysteem". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 13. Utstel ta it nimmen fan in prinsipebeslút oangeande ferfanging wente, skuorre en skiphûs troch twa as trije rekreaasjewenten op it perseel Wyldlân 1 te Grou. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 14. Utstel ta it wegerjen fan it fersyk ta pleatsing fan in blokhut op in perseel oan Pean te Nes. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. Side 3 notulen 21-05-2002/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 14