15. Utstel ta it fêststellen fan in beliedsline foar ynstekhavens yn it bûtengebiet. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje bliid is mei de beliedsline. Syn fraksje soe graach de twadde sin út it útstel fuortlitte wolle (Alleen in bijzondere situaties....). Om by de ynlieding de oan- lieding noch te neamen is net sa gelokkich by it fêststellen fan in beliedsline. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje der mei ynnommen is dat it kolleezje harke hat nei de opmer- kings yn de kommisje. In ynstekhaven is 90° op it farwetter. Hy freget hoe der yn dit ferbân tocht wurdt oer de oanfragen foar ferbreding fan it farwetter. De omskriuwing fan de redenen fûn syn fraksje nochal feeëryk. Wethâlder Bouma seit dat de twadde sin der wol út kin. Yn de ynlieding hie de oanlieding net wer op en nij beneamd hoegd. In ynstekhaven kin ferlike wurde mei in parkearhaven. Der binne ek par- kearhavens njonken de dyk. De bedoeling is om ynstekhavens by de feart lâns te meitsjen en yn bepaalde sitewaasjes kinne se dwers op 'e wâl oanlein wurde. De hear Janse freget oft it weilitten fan de twadde sin ek ynhâldt dat punt trije út it útstel giet. Dêryn wurde nammentlik de útsûnderingen oanjûn. De hear Bijlsma seit dat de lingte wêrboppe men in farbewiis nedich hat 15 meter is en net 16 me ter sa as yn it útstel stiet. Wethâlder Bouma seit dat punt trije in taljochting jout dy't eins wol stean bliuwe moat. De hear Bijlsma hat gelyk mei de 1 5 meter, mar foar in boat is dochs efkes mear manouvrearromte nedich dan foar bygelyks in auto. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel, sûnder de twadde sin út it útstel, be- sletten. 16. Utstel ta wegering fan meiwurking oan it bouplan op it perseel Hôflân 15 te Grou. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 17. Utstel ta it beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar it Wetterfront, twadde faze. De foarsitter seit dat de ried twa dingen dwaan kin. Beslute neffens it útstel fan it âlde kolleezje of ta in kredyt fan 10.000,00 sa't dat yn de kommisje bepraten is. De hear Roorda seit dat as in riedskommisje oanjout net fierder gean te wollen as 10.000,00 foar it projektplan dan moat dêr nei harke wurde, sa't it kolleezje no docht. Syn fraksje docht it útstel it âlde kolleezje-útstel te amendearjen yn dy sin dat der jild beskikber steld wurdt foar it meitsjen fan in projektplan. It soe moai wêze dat as it projektplan ree is der neist in goed projektplan ek in dúdli- ke finansjele paragraaf komt dêr't yn oanjûn is wêrfoar ekstra jilden nedich binne. Dan kin der dan in goed beslút nommen oer it jild dat mear nedich is. Der is al earder 90.000,00 beskikber steld en dat is al in hiele slompe jild. No komt dêr dus noch in hiel bedrach by. By it stik siet in hiel glo baal bestegingsoersjoch fan dy earste 90.000,00. Mei dizze summiere gegevens kin de ried syn kontrolefunksje net wiermeitsje. Syn fraksje freget it kolleezje de útjeften noch neier te spesifisear- jen en fan in taljochting te foarsjen. De hear Postma seit dat syn fraksje ek 10.000,00 as tariedingskredyt beskikber stelle wol. De fraach is wat jo krije foar dy 10.000,00 en oft in útwurke projektplan en in finansjele Onderbou wing yn dit stadium net in pear slaggen te fier is. Syn fraksje sjocht as einprodukt in yntegrale fisy mei konkrete funksjes foar it havenfront fan Grou mei in skets. Foar it oare soe in trochkyk makke wurde moatte nei in plan fan oanpak foar de útwurking. It is elk bekend dat der yntusken mear as in heal miljoen ferspikere is yn planûntwikkeling foar it havenfront fan Grou sûnder dêr echt wat foar krigen te hawwen. De plannen moatte spegele wurde oan subsydzjeboarnen. Side 4 notulen 21 -05-2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 15