21. Utstel ta it beneamen fan de hear A.H. Rijkens te Steenwijk ta lid fan 'e kommisje Berop- en Beswierskriften. De foarsitter seit dat it mei dit útstel giet om it kompleet meitsjen fan de kommisje Berop- en Be swierskriften. It útstel is mei in brief oan de riedsleden tastjoerd mei it fersyk om dit no op de wurk- list te setten of it mocht sa wêze dat der tsjinbericht komt. Der is gjin tsjinbericht west dus fandêr. Ut it grut tal kandidaten wurdt de hear Rijkens foardroegen. De fice-foarsitter sit ûnder dit punt foar. Mefrou Dekker seit dat sy it brief net ûntfongen hat. Sy hat begrepen dat der meardere kandidaten wiene. Sy freget de portefúljehâlder hoe't de proseduere krekt west hat. De foarsitter fan de ried seit dat it kolleezje yn oerlis west hat mei de kommisje oer njoggen kandi daten. De oriëntaasje troch it kolleezje leart dat de hear Rijkens in hiel goede kandidaat is. Hy is be kwaam yn it wurk, wurket bûten it gebiet fan Fryslân, wurket by de Rjochtbank yn Swolle, wennet yn Stjinwyk en hat gefoel foar dit gebiet. Mefrou Dekker seit dat har fraksje net twifelet oan de kundichheid fan dizze kandidaat en ynstimme kin mei it útstel. It giet har derom dat yn dit soarte fan gefallen der in iepenbiere sollisitaasjeprose- duere komme moatte soe. De foarsitter fan de ried seit dat in tal kandidaten troch de kommisje oandrûgen is en in tal troch it kolleezje. It kolleezje wol graach yn it ferfolch rekken hâlde mei de winsk fan de ried by nije faka- tueres. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 22. Inisjatyfútstel fan de fraksje fan de FNP oer it tadielen fan frijkommend kontingint oan de lytse kearnen yn de gemeente Boarnsterhim. De hear Janse seit dat yn it wenplan oanjûn stiet dat der te min wenten nei de lytse doarpen tagien binne de léste jierren. Dêrom hat de ried taheakke dat de ekstra wenten út it Stedsgewest nei de lytse doarpen moasten. No is dat al konkreet, no't 450 wenten troch de Stedsgewestgemeenten ferdield wurde kinne. Dêrom komt syn fraksje no mei dit útstel om't it kolleezje dan út de fuotten kin mei in konkreet gegeven dêr't stappen op ûndernommen wurde kinne. Der kin praten wurde mei de doarpsbelangen en der kin bestimmingsplannen ûntwikkele wurde. Dêrneist stiet in paragraaf 6.6 net oanjûn dat alle ekstra wenten nei de lytse doarpen ta gean sille. De hear Soeten wol graach witte hoe't it feitlik stiet mei de berjochten út de krante. Fierder kin syn fraksje wol ynstimme mei dit útstel. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje mei fernuvering nei dit útstel sjoen hat. Hy freget him óf oft neigien is oft itjinge yn de krante stiet ek wier is. Dan noch stiet der yn it riedsprogramma en yn it Wenplan dat it ekstra wentekontingint tadield wurde sil oan de lytse doarpen. De hear Van der Sluis seit dat yn it Wenplan al dúdlik oanjûn stiet dat it wentekontingint nei de lyt se doarpen ta sil. Syn fraksje kaam yn twifel no't yn it Riedsprogramma stiet dat der prioriteit foar de lytse doarpen is. De hear Hemminga seit dat syn fraksje krekt as it CDA fernuvere is oer dit útstel. Hy mist trouwens ek in réaksje fan it kolleezje dêrop. It stiet uteraard eltse fraksje frij mei in inisjatyfútstel te kom men, mar dat moat dan wol sinfol brûkt wurde. Syn fraksje fynt dit útstel net sa sinfol en eins oer- stallich om't op 13 maart it konsept Wenplan yn de ried behannele is. De opmerkingen en suggest- Side 6 notulen 21-05-2002/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 17