jes sille meinomme wurde foar it definitive Wenplan. Allinne ôfgean op in kranteberjocht is net fol- dwaande. Der sitte nochal wat tûkelteammen, der kinne betingsten troch de provinsje steld wurde. Boppedat wurdt yn it Riedsprogramma dúdlik steld dat de lytse doarpen de prioriteit hawwe. Syn fraksje is tsjin dit inisjatyfútstel Wethâlder Bouma seit dat ek it kolleezje fernuvere is oer dit útstel. It is basearre op inkeld in kran teberjocht sûnder boarnefermelding en sûnder dat der by stiet hoe't de gemeente Ljouwert en de provinsje der oer tinke. Der is in betizing oan 'e gong om't de 950 wenten út de knyppuntenpot binne en yn it Stedsgewest is oerlis west om dêr in berop op te dwaan. Sa stiet it ek yn it Wen- plan. It giet dan om likernôch de helte, sa'n 480 wenten. De oare helte is noch gjin beslútfoarming oer west. It kranteberjocht is net helder. As it kolleezje wit wêr't it krekt om giet komt hy mei in goed útstel nei de ried. De winsk fan de FNP is begryplik mar it is ek de winsk fan de hiele ried om net de lytse doarpen te ferjitten. Boppedat is ek net dúdlik oft der betingsten binne foar dy 450 wenten. Dit útstel is dêrom te prematuer. De hear Janse seit dat it izer smeid wurde moat as it hyt is en dat is no it gefal. Wat yn de krante stiet jout frij dúdlik oan hoefier it is. Deputearre Steaten wol, no't Ljouwert net foldwaan kin, it kontingint foar in part oerdwaan oan de gemeenten. Om't it Wenplan dochs wat romte lit, wol syn fraksje dat no fêstlizze. It giet hjir om wenten dy't boppe op de knyppuntenpot komme. Dus ried, nim dit útstel oan en jou it kolleezje dúdlikens oer hoe't it fierder moat. Wethâlder Bouma seit dat der noch gjin útspraak dien is oer it ekstra dat Ljouwert net bouwe kin. Dat Deputearre Steaten dêr in útspraak oer dien hat, hat it kolleezje noch net berikt. Dêr sil oerlis oer wêze moatte yn it Stedsgewest en Ljouwert sil ek in beslút nimme moatte. As de kâns him foardocht wurdt de knyppuntenpot opplust mei dit oantal. It kolleezje stelt út it inisjatyfútstel net oer te nimmen. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tsjin it inisjatyfútstel is om't hy it útstel oerstallich fynt sjoen de eardere útspraken fan de ried. De hear Bouma wol op in letter tiidstip, as der mear dúdlikheid is, in stânpunt ynnimme. Wethâlder Bouma seit dat de betizing slacht op it kranteknipsel en net op it kolleezje as op de ge meenten. De hear Postma seit dat syn fraksje ek tsjin is mei deselde argumintaasje as fan it CDA. Dêrneist is hy fan betinken dat it net goed is, út strategysk eachpunt besjoen, om no al stânpunten yn te nim men. Ek is it net handich no wat fuort te jaan dat jo noch net yn 'e knip hawwe. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Allinne de fraksje fan de FNP is foar it inisjatyfútstel. 23. Sluting. De foarsitter slút om 21.30 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar de flotte wi- ze fan diskusjearjen. Hy winsket eltsenien wol thús ta. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 1 8 iunv 2002. f (R.P. van der Starrel WtTîjlcsTfäT Side 7 i notulen 21 -05-2002/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 18