BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 8 maaie 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma (wethâlder), J. Bouma-van den Brink (wethâlder), J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju N. Boringa, A. Bijlsma (wethâlder), S. Bouma, J. Gerbrandij, J. Hemminga, S.G. Janse, G. de Jong, H.A. Jonkers (wethâlder), D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Griffier: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) 1lepening. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Ofrûne moandeitejûn, 6 maaie, is, trije kertier nei it delsjitten fan de hear Fortuyn de kommisjegearkomste ôflaske. No, twa kear 24 oeren letter, beseffe wy pas echt wat der bart is. It jout in ûnwêzenlik gefoel dat de listlû- ker fan de LPF ûnder de kampanje delsketten is. De minsken yn Rotterdam, Den Haach, Boarnster him en wêr dan ek binne tige skokt. Wy hjir, binne, mient hy, net de earsten dy't in allesomfetsjend oerdiel jaan meie, mar wol op syn minst ien oardiel en dat is dat wy allegear dizze moard yn net mis te fersteane wurden feroardielje. Fortuyn joech stim oan minsken dy't alles feroarje woene. Hy brocht ûnder wurden wat in protte minsken tinke. Hy die dat op syn gehiel eigen wize. Der klonk yn troch dat bestjoeren, polityk, wer wat fan gewoane minsken wurde moat. Demokrasy is prate, diskusjearje, verbaal geweld. By ús demokrasy, ús rjochtssteat, ús frije rjochtssteat heart nea ge weld. Mar wy meie de eagen net slute foar de feiten dat de mienskip hieltiten gewelddiediger wurdt. Tink oan Erfurt, de Feriene Steaten, grutte stéden, Fryslân, Grou...). Yn ús hiele mienskip is in sekere ferhurding wier te nimmen. Sûnder de fuortgong fan ús mienskip tsjin te hâlden, is der wol soarch oer it ferfal fan wearden dêr't ús mienkip ek op fundearre wie. Demokrasy is it béste dat we hawwe. Wy binne sterk, we kinne wol in stjitsje hawwe. Ek de demokrasy kin wol in stjitsje hawwe. Mar sûnder mis, ús demokrasy hat no wol in opdonder hân. Dêrom ek realisearje wy ús dat we fierder moatte mei ús demokrasy, ús iepen demokrasy dy't ek yn de takomst (geweldleaze) kénsen foar kwaliteit, feroaring en ferbettering foar de mienskip biede moat. Dêrom fynt der no in kollektive besinning plak by de dea fan Pim Fortuyn, dy't dizze dagen de belicheming is fan minsken dy't wat feroarje wolle, mar mear dan dat, ek de mooglikheden dy't ús demokrasy jout en jaan sil om de dingen te dwaan dy't wy mei elkoar wolle en dêr't wy yn (de ried fan) Boarnsterhim op be- skieden wize in lytse bydrage oan jaan kinne. Hy freget elk stean te gean om yn stilte de dea fan de hear Fortuyn oer te tinken. De minsken yn de seal geane stean en nimme inkele mominten stilte yn acht. De foarsitter stelt oan 'e oarder: 2. Gelegenheid om fragen te stellen troch boargers. De hear De Wolf seit:"Betanke foar de mooglikheid om yn te sprekken. De kearnpunten yn it Riedsprogramma binne kommunikaasje en in bettere relaasje mei de boarger. Myn fraach is wa notulen ried 08-05~2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 3