BOARNSTERHIM gemeente BESLUTEL S T Riedsgearkomste: 18 juny 2002. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Der is gebrûk makke fan it sprekrjocht troch boargers troch mefrou Rotteveel, Rijksweg 198 yn Jirnsum oangeande punt 9 fan de wurklist. 3. It fêststellen fan de wurklist. Op fersyk fan de hear A.J. de Vries wurdt agindapunt 1 2 in B-stik. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 8 maaie en 21 maaie 2002. Beide ferslaggen wurde fêststeld mei in korreksje. Mid. 5. Ynkommen stikken. Konform besletten. Mid. Der is tasein by punt 5 dat de ried op 'e hichte holden wurde sil oer de fuortgong fia de kommisje. WWR 6. Utstel ta it fêststellen fan de jierstikken 2001 Konform besletten. Mid. Op inisjatyf fan de hear A.J. de Vries sil de boargemaster in boargerpanel belûke by it boargerjierferslach. 7. Utstel oangeande de jierrekken 2001, begruttingswizigingen 2002, ûntwerp- begrutting 2003 (ynklusyf wiziging) en beliedsplan 2003-2006 fan de Regionale Brandweer Centrale Post Ambulance (CPA) Fryslân. Konform besletten. Mid. 8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan art 21 WRO foar it hiele doarp Wergea. Konform besletten. WWR 9. Utstel ta it wegerjen fan meiwurking oan de bou fan in twadde bedriuwswente oan de Wjitteringswei te Jirnsum. Konform besletten, nei stimming mei 10 stimmen foar en 4 stimmen tsjin. WWR 10. Utstel oangeande fersyk om meiwurking foar de oanlis fan 3 ynstekhavens perseel Greate Mar oan de Wergeasterfeart. Konform besletten. WWR beslutelist 18juny 2002/ia|b/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 52