De hear Zijlstra konstatearret dat de fraksjes fan VVD en FNP blykber gjin ferlet hat om oanfollingen te jaan. Mefrou Dekker freget wêrom earst it riedsprogramma fêststeld wurdt en dan pas de nije riedsleden beëdige. De foarsitter seit dat it riedspresidium besletten hat earst in riedsprogramma fêst te stellen. Op grun dêrfan wurde de wethâlders keazen. En dan kinne pas de nije riedsleden beëdige wurde. Hy konsta tearret dat de wurklist sa fêststeld wurdt. 4. It fêststellen fan it riedsprogramma. De hear Bijlsma seit dat dit riedsprogramma it resultaat is fan ûnderhannelingen yn it djipste geheim fan de trije fraksjes. It biedwurd "iepen en transparant" kin syn fraksje net fan tapassing ferklearje op dit riedsprogramma. Syn fraksje beskôget dit dan ek as kolleezjewurkprogramma. In riedspro gramma moat yn gearwurking mei alle partijen gearstald wurde. Syn fraksje soe it op priis stelle dat dat noch bart. Syn fraksje mist it brûken fan it Frysk yn dit riedsprogramma. It biedwurd "de wind in de zeilen" is al 10 jier it biedwurd fan de gemeente Skarsterlân. Syn fraksje wol dit riedspro gramma as kolleezjewurkprogramma beprate en ek sa fêststelle. De hear Bouma seit dat der in ferkearde start makke is. Syn fraksje fynt dat dit riedsprogramma eins in kolleezjewurkprogramma is. In moaie Ondertitel soe wêze kinne: "hoe sterk is de mast?". Gemeentebelangen hat in foarse ferkiezingswinst helle en dat is harren gund. Mar út it riedspro gramma docht bliken dat der in protte wetter by de wyn dien is. De kartoons fan Gemeentebelan gen pakke no dochs wat oars út: fan de rêch rjocht hâlde en helder en transparant is neat werom te finen. Syn fraksje wol net yn dizze pot (ek út in kartoon) net meiriere. De hear Zijlstra bestriidt dat de Onderhannelings yn it djipste geheim fierd binne. Flak nei de ferkie- zings binne alle partijen byelkoar kommen yn Jirnsum. Dêr is de oanpak fan de kolleezje- ûnderhannelings oanjûn en eltsenien wie it dêr mei iens. Alle partijen hawwe apart mei de PvdA praten. Dêrnei hat de PvdA as grutste fraksje de kar makke mei CDA en Gemeentebelangen fierder te gean. Dêrnei is it efkes stil wurden om't de programma's noch al wat útelkoar leine. Dus moast der de tiid foar nommen wurde om in riedsprogramma gear stalle te kinnen. Der binne doe 3 wurk- groepkes starten en dat wie by eltsenien bekend. 25 april wie de deadline en dat is rom helle. Doe wie de fraach oft it noch sinfol wie mei de oare partijen it riedsprogramma te bepraten. Der is doe besluten om it konsept riedsprogramma yn de riedsgearkomste te bepraten. De fraksjes binne ree om eventuele oanfollings noch te bepraten. It brief fan de foarsitter en de wurden fan de ynsprek- ker wurde noch bepraten. De kâns leit der om der in riedsprogramma dat droegen wurdt troch alle fraksjes fan te meitsjen. Hy is it der persoanlik wol mei iens om mei alle fraksjes noch om 'e tafel. Hy soe dêr graach noch mei de oare fraksjes oer prate wolle. De trije fraksjes wolle net fierder springe as de pols lang is. Dit as antwurd op de fraach hoe sterk de mêst is. De hear Postma seit dat Skarsterlân net it allinnerjocht hat op it biedwurd "de wind in de zeilen". Nettsjinsteande dat leit in oanpassing foar de hân. Hy stiet iepen foar suggestjes. Syn fraksje fynt dat kommunikaasje in stik iepenheid betsjut en gjin fage wurden. Der sil dus helder yn byld brocht wurde moatte op hokfoar kompas Boarnsterhim sylt. Dat kompas leit foar in part al fêst yn de Toe komstvisie Boarnsterhim 2015. Dizze takomstfisy freget om in fierdere útwurking. Dêr leit in oanset ta yn dit konsept riedsprogramma. Syn fraksje fynt in planning fan aktiviteiten tige wichtich. De fi- nansjele posysje is net soarchlik, mar op nivo. Eltse kear moat der krityske êfwagings makke wur de. Dat betsjut dus skerp sile mei behâld fan faasje. Dit riedsprogramma is net in kopy fan it pro gramma fan de PvdA. mar in mienskiplik programma fan de trije partijen. Dat Gemeentebelangen Side 3 notulen ried 08-05-2002/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5