syn rêch net rjocht hâlden hat is perfoarst net wier. Syn fraksje respektearret riedsbesluten út it fer- line. Dat is behoarlik bestjoer en dat is dúdlik foar de boargers. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige wiis is mei dit riedsprogramma. Der is goed en ie pen oer de gearstalling dêrfan praten. Hy hopet dan ek dat dit in goede oanset is foar de gearwur- king fan de trije partijen, len fan de haadpunten, de kommunikaasje hat in grutte rol spile yn de kampanje fan syn fraksje. Syn fraksje docht de suggestje yn de kommende riedskonferinsje fierder praten wurdt oer it riedsprogramma. Dat kin ek om't it konsept riedsprogramma net tichttimmere is. De molkfeehâlderij is yndied net eksplisyt neamd om't it ferweven sit yn it hiele programma. Hy fre- get in tydlike sluting fan de gearkomste. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.47 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 20.50 oere. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it riedsprogramma jûn fêststelle wol. De opmerkingen út it brief fan de foarsitter wurde oernommen troch de trije fraksjes. De hear Bijlsma seit dat de hear Zijlstra de gearkomste yn de Twa Gemeenten memorearde. Dêr is praten oer it meitsjen en gearstallen fan in kolleezjeprogramma en net fan in riedsprogramma. Dêr wie elkenien it mei iens. De hear Postma seit dat der in stevige diskusje plakfûn hat tusken PvdA, CDA en Gemeentebelangen. Dat is ek ien fan de redenen dat syn fraksje dit in kolleezjeprogramma neame wol. Syn fraksje en de fraksje fan de VVD hawwe net meidien oan it ta stân kommen fan in riedsprogramma. Syn fraksje en de fraksje fan de VVD sille dêrom net meidwaan oan de stimming. Hy stelt út dit riedsprogramma oan te hélden oant it momint dat alle fraksjes mei-elkoar oer dat programma prate kinne. De hear Bouma hat hjir neat oan ta te heakjen. De hear Zijlstra seit dat by de besprekking yn de Twee Gemeenten it ferskil tusken in kolleezje- wurkprogramma en in riedsprogramma noch net alhiel dúdlik wie. De trije fraksjes bliuwe fan betin- ken dat wat no foarleit in riedsprogramma is. De hear Postma slút him by dizze wurden oan. Yn it dualistyske stelsel hat de ried in hiele oare po- sysje as eartiids. De ried is der om kaders te stellen en kontrôle út te fieren. It is neffens him fral in kwestje fan "learning by doïng". De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Hy wol graach dat eltsenien syn as har stim út- bringt. De hear Janse seit dat de fraksjes fan VVD en FNP net oan de stimming dielnimme sille. De fraksjes litte harren gjin diktaat oplizze. De fraksjes fan FNP en VVD ferlitte de riedseal. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming ynstimd mei it konsept riedsprogramma. De hear Postma seit dat hy it hiel earnstich fynt dat de fraksjes fan FNP en VVD net meidien haw we oan de beslútfoarming. De fraksjes nimme sa ôfstân fan de wurkwize fan it dualistyske stelsel. As dit de gedrachsline wêze sil is dit in hiel earnstich barren. De fraksjes fan FNP en VVD nimmen harren plak wer yn. Side 4 notulen ried 08-05-2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 6