5. It beneamen fan de wethâlders. De foarsitter seit dat der trije kandidaten steld binne. Hy beneamt de folgjende kommisje fan stimopnimming; de leden Verkerk, Janse en De Vries. Earst wurdt der stimd oer de earste kandidaat, mefrou Bouma - van den Brink. De hear Bijlsma seit dat syn fraksje it tige spitich fynt dat de FNP net mear yn it kolleezje fertsjint- wurdige is. Syn fraksje is oan 'e kant setten om ien sit. Der is keazen foar de macht fan it getal yn- stee fan kontinuïteit, loyaliteit en goed gearwurkjen. Wethâlders wurde yn it nije duale stelsel kea zen op kwaliteit. Yn dat ramt hie in cv fan de kandidaten net mistien. Mei mefrou Bouma hat hy de ôfrûne 4 jier goed gearwurke. Hy hat begrepen dat mefrou Bouma de portefúlje romtelike oardering kriget en dat liket him yn it ramt fan eventuele belangenferstrengeling net ferstannich. Hy heart noch lûden dêroer, it sjongt rûn. It is gjin krityk, mar is it wol ferstannich om dan dizze portefúlje oan har ta te skikken. Yn it ramt fan 'e ferkiezings moat hy konstatearje dat Gemeentebelangen 2000 in wichtige ommeswaai makke hat as op syn minst in protte wetter by de wyn dien hat. Sjoen it duale stelsel wol syn fraksje lykwols de hear Jonkers op syn meritus beoardielje. De hear Jonkers fertsjinnet op syn minst it foardiel fan 'e twifel. Mefrou Van den Berg hat yn it ferline blike litten dat der min of net goed mei gear te wurkjen is. Boarnsterhim hat ferlet fan in kollegiaal kol leezje, gjin fjochtkolleezje. Hy hat der net folie betrouwen yn mei mefrou Van den Berg en syn frak sje kin him dan ek net fine yn dizze kandidaat. Ut 'e krante moast hy fernimme hoe't it komt mei de portefúljeferdieling, dy't yn de earste kolleezjegearkomste fêststeld wurde sil. Dat jout him de gele genheid it kolleezje yn oerwaging te jaan in aparte portefúlje Frysk yn te stellen en dy ta te skikken oan de boargemaster. Mefrou Bouma seit dat it har tige spyt dat de hear Bijlsma nei fjouwer jiergoede gearwurking mei dizze toansetting komt. Sy hopet dat it op in oar tiidstip nochris útpraten wurde kin. De hear Zijlstra fynt it ek tige spitich dat de hear Bijlsma dit ta útsprutsen hat. Sadree't de hear Bijlsma as oaren dingen hearre dêr't belangenferstrengeling yn suggerearre wurdt wol hy dat hiel graach witte. Syn fraksje hat it folste fertrouwen yn mefrou Bouma as nije wethâlder. De foarsitter slút de gearkomste om 21.15 oere neidat de griffier de stimbriefkes ophelle hat. Hy weriepenet de gearkomste om 21.23 oere. Mefrou Verkerk dielt de útslach mei. Der binne 17 stimmen útbrocht. Allegearre op mefrou Bouma. De foarsitter konstatearret dat dêrmei mefrou Bouma ta wethâlder ferkeazen is. Dan wurdt der stimd oer de twadde kandidaat, de hear Jonkers. Neidat de stimbriefkes ophelle binne slút de foarsitter de gearkomste om 21.25 oere foar it tellen fan de stimmen. Hy weriepenet de gearkomste om 21.30 uur. Mefrou Verkerk dielt de útslach mei. Der binne 17 stimmen útbrocht. Allegear op de hear Jonkers. De foarsitter konstatearret dat dêrmei de hear Jonkers ferkeazen is ta wethâlder. As léste wurdt der stimd oer de tredde kandidaat, mefrou Van den Berg. Neidat de stimbriefkes ophelle binnen slút de foarsitter de gearkomste om 21.32 oere foar it tellen fan de stimmen. Side 5 notulen ried 08-05-2002/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 7