Hy weriepenet de gearkomste om 21.37 oere. Mefrou Verkerk dielt de útslach fan de stimming mei. Der binne 17 stimmen útbrocht. 15 stimmen binne útbrocht op mefrou Van den Berg en der wiene 2 ûnjildige stimmen. De foarsitter konstatearret dat mefrou Van den Berg dêrmei ferkeazen is as wethâlder. De foarsitter freget de ferkeazen wethâlders oft sy de beneaming oanfurdigje. Mefrou Bouma, de hear Jonkers en mefrou Van den Berg sizze dat sy de beneaming oanfurdigje. De foarsitter oerlanget de nije wethâlders in boeket blommen en winsket harren in protte sukses. 6. It beëdigjen fan de wethâlders. Wethouder Bouma legt in handen van de voorzitter de belofte, behorende bij het wethouderschap, af. Wethouder Van den Berg legt in handen van de voorzitter de eed, behorende bij het wethoudersch ap, af. Wethouder Jonkers legt in handen van de voorzitter de belofte, behorende bij het wethouderschap, af. De wethouders nemen plaats in het regeringsvak. 7. It beneamen fan nije riedsleden. De foarsitter makket as foarsitter fan it sintraal stimburo bekend dat de hearen J.R. Soeten, N. Bo- ringa en J. Gerbrandij beneamd binne as riedslid fan de gemeente Boarnsterhim. De foarsitter slút de gearkomste foar inkele formele hannelingen om 21.45 oere. Hy weriepenet de gearkomste wer om 21.57 oere. 8. Undersyk betrouwensbrieven. De foarsitter beneamt de folgjende kommisje foar it ûndersyk fan de betrouwensbrieven: de hear Bouma, mefrou Dekker en de hear Bijlsma. De foarsitter slút de gearkomste om 21.58 oere foar it ûndersyk fan de betrouwensbrieven. Hy weriepenet de gearkomste wer om 22.10 oere. Mefrou Dekker seit dat de kommisje de betrouwensbrieven ûndersocht hat. By ien formulier, sa die bliken, wie de bertedatum fan de hear Gerbrandij net goed ynfold. It haad fan de ôfdieling Boarger- saken hat dizze flater wersteld. Dêrnei hat de kommisje konstatearre dat de betrouwensbrieven yn oarder wiene. De kommisje advisearret de ried de hearen Soeten, Boringa en Gerbrandij ta te litten ta de ried fan de gemeente Boarnsterhim. De foarsitter konstatearret dat de ried dit advys oernimt. De hearen Soeten, Boringa en Gerbrandij binne talitten as lid fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim. 9. It beëdigjen fan de nije riedsleden. De heer Soeten legt in handen van de voorzitter de belofte, behorende bij het raadslidmaatschap, af. Side 6 notulen ried 08-05-2002/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8