De heer Boringa legt in handen van de voorzitter de eed, behorende bij het raadslidmaatschap, af. De hear Gerbrandij leit yn hannen fan de foarsitter de eed, hearrende by it riedslidmaatskip, óf. De foarsitter lokwinsket de nije riedsleden. Hy oerlanget harren in boeket blommen en winsket har ren in protte sukses. 10. It beneamen fan in fice-foarsitter fan de ried. De foarsitter seit dat der fjouwer kandidaten binne foar it fice-foarsitterskip fan de ried. Te witten de hearen Roorda, Hemminga, Gerbrandij en Bijlsma. De hear Janse seit dat de kwaliteiten fan de hear Bijlsma oanjûn binne yn it cv. De kandidaat moat beskikke oer rom tiid en dat jildet seker foar de hear Bijlsma. De hear Postma seit dat in kandidaat beskikke moat oer romme bestjoerlike kwaliteiten. Syn fraksje is fan betinken dat de hear Hemminga oer dy bestjoerlike kwaliteit beskikt. De hear Van der Meulen seit dat de hear Gerbrandij neist rom tiid foldwaande bestjoerlike ûnderfi- ning hat. Dêrneist komt de hear Gerbrandij fan bûten de gemeente en sil dus fris en nij tsjin de sa- ken oansjen. De hear Zijlstra seit dat de hear Roorda in 32-oerige wurkwike hat. Ien dei yn 'e wike kin hy dus seis besteegje. De hear Roorda is knap ynwurke en hat ek as foarsitter fan in riedskommisje serieus en goed ynwurke syn wurk dien. De foarsitter beneamt in kommisje fan stimopnimming: de leden Verkerk, Janse en De Vries. Hy slút nei it ynleverjen fan de stimbriefkes de gearkomste om 22.25 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.35 oere. Mefrou Verkerk makket de útslach bekend. Der binne 17 stimmen útbrocht. 3 op de hear Gerbran dij, 4 op de hear Hemminga, 5 op de hear Bijlsma en 5 op de hear Roorda. De foarsitter seit dat der dus net ien kandidaat de mearderheid fan stimmen helle hat. Dêrom moat der foar in twadde kear stimd wurde. De hear Van der Meulen freget om in tydlike sluting fan de gearkomste foar oerlis. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.36 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.40 oere. De hear Janse seit dat syn fraksje it tige wichtich fynt dat it fice-foarsitterskip troch in riedslid fan in net-kolleezjepartij komt. De foarsitter slút neidat de stimbriefkes ophelle binne de gearkomste tydlik om 22.41 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.45 oere. Mefrou Verkerk makket de útslach fan de stimming bekend. Der binne 17 stimmen útbrocht. 3 op de hear Gerbrandij, 4 op de hear Hemminga, 5 op de hear Bijlsma en 5 op de hear Roorda. De foarsitter seit dat der wer gjin kandidaat de mearderheid fan stimmen helle hat. Artikel 31 fan de Gemeentewet seit dat der nei twa stimmingen der in tredde kear stimd wurde moat oer de 2 kandidaten mei de measte stimmen, te witten de hearen Bijlsma en Roorda. Side 7 notulen ried 08-05-2002/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9