nedich. Dat byld is op dit stuit noch net hielendal helder. Wat yn de managementletter stiet is ûn- betwifele fan belang foar de bepaling fan de finansjele romte. Syn fraksje wol dat de management letter direkt beskikber komt foar de ried. It kolleezje en de ried moatte noch wenne oan it nije duale stelsel. Yn it riedsprogramma stiet dat it kolleezje helder en transparant wêze wol. Dat is in moai stribjen, mar dat stribjen is noch net op alle méden wiermakke. De managementletter is dér in foar- byld fan. Ek de kommunikaasje is neamd: dy moat better en kwalitatyf op in heger nivo. It giet dan om de kommunikaasje tusken ried en kolleezje, mar ek tusken kolleezje en boargers. Hy wol witte wêrom dêroer gjin konkrete ôfspraken makke wurde kinne. Benammen oangeande de briefkes dêr't ynstiet dat in saak binnen 6 wiken ôfhannele wurde sil. De Ynternetside wurdt op it stuit net aktua- lisearre. Dat moat fansels wol. Hy tinkt dat der yn 'e takomst nochal wat risiko's oangeande de fi- nânsjes binne. Hy neamt dan UTD. Syn fraksje hat grutte twifels by de foarming fan reserves út Frisia en dat kin wer gefolgen hawwe foar it UTD-kompleks. Wergea-west is in risiko, om't net dúd- lik is oft it projekt helber is troch de hjoeddeistige m2-prizen. De pleats fan Knossen hat syn fraksje al earder op wêzen. De boekwearde dy't de gemeente hantearret is folie heger as it bod dat lêsten- deis útbrocht is. Ek dat is in latint risiko foar de finansjele posysje. Wat we wolle is dat eltsenien yn Boarnsterhim knap wenje, wurkje en rekreëarje kin. Foar bepaalde saken sil in kwaliteitsslach mak ke wurde makke. Boargers kieze net mear sasear foar kwantiteit mar mear foar kwaliteit. Fuot-, fytspaden, bankjes om út te rêsten, in goed grienbehear, dat soarte fan saken. Ferbetteringen kost je jild. De fraach is ek oft der dan besunige wurde moat of moat de OZB ferhege wurde? Syn frak sje is der foarearst net foar om de OZB te ferheegjen. Der is te min jild foar alle plannen, dat is wol dúdlik. Dan noat der yntern earst ris sjoen wurde oft der earne op besunige wurde kin. As dat net slagget soene de ynkomsten ferhege wurde kinne. Dat sil dan wol goed dúdlik oan 'e boargers út- lein wurde moatte. De Toekomstvisie 2015 kin as paadwizer brûkt wurde foar it fierder útwurkjen fan plannen op it mêd fan wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Syn fraksje fynt dat der oangeande it Friese Merenprojekt en it plattelandsbeleid in prioriteitenlistke makke wurde moat mei prioriteiten op koarte en lange termyn en wurk mei wurk meitsjen. It tredde punt: wat dogge we op koarte en lan ge termyn? Alderearst neamt hy de bestjoerlike fernijing. Miskien moat der keazen wurde tusken kompjûters foar riedsleden en it fraksjebudzjet. Hy freget oft de lokaasje foar de brânwarkazerne foar Grou it iennichst mooglike plak is. Miskien is en kombinaasje mei it nije gemeentehûs of in nij plysjeburo mooglik. It ûnderwiis set syn fraksje ek in tal stjerkes by. Ek de húsfesting fan it ûnder- wiis it tige wichtich. Miskien kin de nijbou yn Akkrum en Grou kombinearre wurde mei berne- opfang, doarpshûs- en soarchfunksjes. De útkomsten fan it PANTER-ûndersyk soe dêr ek moai foar brûkt wurde kinne. Seis bouwe of hiere fan it gemeentekantoar is ek in fraach. Hy wachtet de út- stellen fan it kolleezje datoangeande óf. Syn fraksje kiest ek foar bouwen op de A32-lokaasje. Hy kin ynstimme mei it frijwilligersbelied. It keunstbelied wol syn fraksje foarearst parkeare. De riea soe in útstel oer garantstelling foar Friesland Vaart foarlein krije. Dat is net bart, it is in meidieling foar de kommisje wurde. Dat freget wol opheldering. Oangeande de muzykskoalle moat alles goed op in rychje setten wurde oangeande fusearjen as sanearjen en de mooglike fúzjepartners. It fer- pleatsen fan de oerstoart sil jild kostje, len fan de grutste oerskrieders yn de jierrekken 2001 is it opheljen fan de smoargens. Syn fraksje freget ekstra omtinken hjirfoar. Hy fersiket mei klam om de sportnota, dy't der ynkoarten komme moatte soe. It hat al bliken dien dat der net genôch jild is foar it ferpleatsen fan de sport nei de A32. Syn fraksje wol graach dat de opset aktualisearre wurdt en dat der in dúdlike kosten/batenanalyze by komt. Hy freget nochris omtinken foar in fytspaad fan Akkrum nei Grou njonken de A32, just yn ferbân mei de nije OSG. Werstrukturearing is tige wich tich. De gemeente kin seis net safolle dwaan. Wat dat oanbelanget sil der in goede relaasje mei Friestins ûnderhâlden wurde moatte en soargje moatte foar senioarenhúsfesting. Fan de senioaren- húsfesting moat in spearpunt makke wurde. Syn fraksje wol graach de âlde farrûte troch de Burd werstelle wolle. Dy farrûte soe benammen brûkt wurde kinne troch skoukes en kano's. Dat soe yn de ruilverkaveling meinommen wurde kinne. As léste punt tinkt syn fraksje dat Frisia baat hat by in goede oansluting fan Snitserhoeke rjochting A32. Hoe tinkt it kolleezje dêroer. Side 7 notulen 17-06-2002/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 10