De hear Bijlsma seit: "Wat is it moai dat wy, 4 dagen foardat ik echt simmer wurdt, noch efkes de maitiidsnota behannelje meie. En dat op in dei as hjoed, mei prachtich moai waar. Ik wol graach yngean op in tal tema's dy't al en sommige net, neamd wurde yn de maitiidsnota. Alderearst de finansjele posysje fan de gemeente Boarnsterhim. Wy witte allegearre dat it net rom soppet. Foar 2003 stiet de teller seis op 0. Hoewol't der mooglik yn de algemiene útkearing wat romte sit, sa't de portefúljehâlder finânsjes yn de kommisjegearkomste oanjûn hat, moatte wy dochs foarsichtich wêze. It hat de fraksje fan de FNP dan ek fernuvere, ja eins ferbjustere, dat wy yn de krante lêze moatte dat it kolleezje ree is om inkelde miljoenen te ynvestearjen yn in prestiizje- projekt as de sweeftrein. Lit ik dêr mar koart oer wêze: om ús hoecht der net iens oer praat te wur- den! Dêr't wy oer gear wolle is it wolwêzen en it foarsjenningsnivo foar ús ynwenners yn ús doar- pen. En dêr hawwe wy de beskikbere Euro's wol mear as nedich by. Miskien moat dêrfoar seis de ûnreplik guodbelesting wol omheech. Lykwols soe dat net ús earste kar wêze. Wy binne yn de gemeentepolityk it duale tiidrek yngien. Dit is fansels efkes wennen. Wethêlders, dy't net mear diel útmeitsje fan de ried en op de publike tribune telâne komme. It is hiel oars. De ried dy't op haadlinen bestjoert en de kaders oanjout/stelt. Utstellen, dy't behannele wurde yn de ried en dy't dan ek oan en fan de ried binne. It kolleezje kin dizze útstellen net mear samar werom lûke. Dizze bestjoerlike fernijing kostet in protte jild der't it Ryk, eins de inisjator hjirfan, ús mei sit- te lit. De fraksje fan de FNP fynt dan ek dat wy hoeden mei dizze kosten omgean moatte, om't it op kosten giet fan it belied foar ús ynwenners. Om ús hoecht der dan ek net foar elkenien in kom- pjûter oanskaft te wurden en de fraksjefergoeding soe wol wat leger kinne. Lykwols op basis fan in bettere ferdieling. In oar wichtich punt foar de fraksje fan de FNP is de opfang fan ús kleurde meiminsken, dy't om hokker reden dan ek asyl oanfreget yn ús lân. Dizze maatskiplike ferantwurdlikheid hat ús no al mear as 3 jier yn'e besnijing en de fraksje fan de FNP wie bliid dat der op 19 febrewaris einliks in beslút oer nommen wurde koe. In beslút dat dúdlik wie en rêst jûn hat yn de ferhâldings dy 't yn dy 3 jier ûntstien wiene. It hat ús tige goed dien dat GB2000 him konformearre hat oan dit riedsbeslút, mar it hat ús ferbjustere doe't wy yn de Mid-Frieslander lêze moasten hoe't GB dit respekt foar it riedsbeslút útleit en eins de ferhâlding op 'e nij op skerp set. Dit fine wy net in goede saak. Wy hoopje dat wy meikoarten as ried gear kinne oer de bestjoersôfspraak mei it COA, wêryn ien en oar goed regele wurdt. We geane der net fan út dat der noch oanliedingen binne om de hiele saak mar óf te blazen. In wichtich tema is fansels de kommunikaasje mei ús ynwenners en it imago fan de gemeente Boarnsterhim. Dit moat posityf wêze en litte wy earlik wêze: it kin altyd better mar sa freeslik ne- gatyf is it no ek wer net. Al earder, yn de foarige bestjoerlike perioade, hat de ried gear west oer it ferbetterjen fan de tsjinstferliening en is der besletten oer in pilot op de ôfdieling B&S. Wy binne foaral nijsgjirrich nei wat dizze pilot opsmiten hat en wy binne fan betinken dat der fan alles yn moaie nota's en plannen opskreaun wurde kin, mar dat it foaral oankomt op it hélden en dragen yn de praktyk, de deistige omgong mei ús ynwenners. Der kin gjin nota tsjin op. Boppedat moatte wy der om tinke dat het 2 kear itselde tsjil útfûn wurdt. Yn de ôfrûne bestjoersperioade is der in ferskaat oan belied útsetten en útfierd. It docht ús goed dat dit kolleezje fan doel is dit fuort te setten, sa 't wy dat lêze kinne yn it riedsprogramma en de maitiidsnota. In wichtich tema as it ûnderwiis komt der lokkich ek yn werom. Hat der yn it ferline al in flinke slach plakfûn op it mêd fan de ûnderwiishúsfesting, yn de kommende jierren stean wy noch foar in pear flinke klappers, wêrby de bouprizen in Onwisse faktor binne mei noarmbedragen dy't alle kearen nei boppen bysteld wurde.lt hat ús yn dit ramt fernijd dat de nijbou yn Akkrum fer- skood is fan 2002 nei 2003. Wy binne lykwols bliid dat de nijbou yn Grou yn 2005 hanthavene wurde kin, alteast as wy de maitiidsnota goed lézen hawwe. Wat is dêrfan de reden en wêrom is Juf Boeremaskoalle net meinommen yn de nijbou? Alteast yn it mearjierrehúsfestingsplan lêze wy dit net. In goed dak boppe de holle is in absolute betingst om goed Onderwiis jaan te kinnen. Der is lykwols mear as rekkenje en taal. Respekt, noarmen en wearden foarmje de basis foar it hélden en dragen fan ús jongerein en de folwoeksenen fan de takomst. En dêrmei ek it sosjale en maatskiplike belang fan godstsjinstige en/of humanistyske foarming, in ferplicht fak yn it basisûnderwiis, mar Side 8 notulen 17-06-2002/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 11