De hear Zijlstra seit dat de mûnen ek yn in stichting sitte. Dat soe ek foar oare monuminten jilde kinne. Wethouder Jonkers zegt dat daar zeker naar gekeken zal worden. Het monumentebeleid komt nog een keer bij de raad. Wat het beleid Frysk betreft, verwijst hij naar hetgeen in het Riedsprogramma daarover staat geschreven. Het college deelt de zorg van de raad als het gaat om de risico's die te maken hebben met de sanering van het UTD-terrein en wil daarop zo scherp mogelijk sturen. Wat Frisia betreft is er een eerste overleg met GS geweest. Het herstellen van de vaarverbinding door de Burd zal worden bekeken bij de ontwikkelingen voor de Suderburd. De fice-foarsitter fan de ried sit de gearkomste foar. Boargemaster Dijkstra seit dat it kolleezje de fraksjes tankseit foar de algemiene skôgings. It kol- leezje konstatearret dat meielkoar sykjendewei it goede paad yn it ramt fan it dualisme fûn wurde moat. It kolleezje is wiis mei de útspraken fan de fraksjes oer feilichheid en de brânwar. Dêr sprekt út dat der in prioriteit leit by de feilichheid fan de boargers. De ûnderfining yn Akkrum sil ek seker brûkt wurde foar de nije brânwarkazerne fan Grou. Om sa gau mooglik in nije brânwarkazerne yn Grou te realisearjen leit in kombinaasje mei gemeentehûs en plysjeburo net foar de hân. De pilot fan B&S rint op skema en hooplik kin der uterlik oktober in stik oan 'e ried oanbean wurde oer de orga- nisaasje-ûntwikkeling. De foarsitter sit wer foar en jout de gelegenheid foar de twadde termyn. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje graach wol dat it kolleezje by de ried komt mei in plan oer hoe't de útwurking fan de bestjoerlike fernijing en de kommunikaasje mei de ried, oanpakt wur de moat. Hy fynt dat der trochgien wurde moat mei de plannen foar de gemeentelike húsfesting. Dêr sille dan ek finânsjes by moatte. Ek mei de keunstnota moat trochgien wurde, mar dan wol yn- tegrearre yn de rest fan de beliedsfjilden, sa as it muzykûnderwiis. Dêrmei jout hy fuortendaliks in pluske oan it muzykûnderwiis, dat absolút net ferlern gean moat op it plattelân. Godstsjinst- en hvo-ûnderwiis is no te krap en as it op dizze foet fierder giet, hâldt it op wylst it wol in wettelike taak fan de gemeente is. Dêr sil dus yn oerlis mei it ûnderwiis goed nei sjoen wurde moatte. Dat sil ek in plus yn de finânsjes betsjutte. Hanthavening hat fan gefolgen dat der ek mear oanfragen bin nen komme en dêrtroch binne de wachttiden wer langer. Om de wachttiid wer akseptabel te krijen wol syn fraksje dêr in pluske oan jaan. Der sil sa gau mooglik in goede oplossing foar de fuotgon- gers oer Biensma komme moatte. Hy heart graach fan it kolleezje hokfoar oplossing der keazen is. Ut de rekken docht bliken dat der noch in tal net tarekkene oeren binne en der wurdt praten oer be- sunigings. Hy krijt dan it byld fan it stripferhaal fan Asterix en Obelix foar eagen dêr't skodde wurdt oan in grutte beam mei Romeinen. En ja, dêr fait de earste Romein, dus noch mar efkes skodzje dan komme der noch wol mear nei Onderen. Kolleezje, skodzje ris flink oan 'e finansjele beam en sjoch wat der nei Onderen fait. Dan bepaalt de ried wol oft de Romeinen wer omheech de beam yn moat te of net. In eventuele ferheging fan de OZB is besprekber as der út de organisaasje wei net mear besunige wurde kin, wylst der wol hiel grutte winsken binne. De hear Postma kin oanslute by de léste wurden fan de hear Van der Meulen: skodzje nochris goed oan' e beam. Dat wie nammentlik ek de essinsje fan it brief fan GB2000 fan desimber 2001. Syn fraksje is it op haadlinen iens oer de prioriteiten dy't yn de maitiidsnota steld binne. De ynvestea- ringsromte is 120.000,00 sjit wol tekoart om alle ambysjes wier te meitsjen. Yn de diskusje ka men in tal dingen foarby dy't wol moatte soene om't se yn it belang fan de boarger binne en oare saken soene op termyn setten wurde moatte. It soe folie moaier wêze om yn it Fryske Marrenpro- jekt en de plattelânsprojekten te kommen ta in yntegrale oanpak, Fytsrûtes kinne bygelyks keppele wurde oan musea. Dat dwaan jout de grutste kâns op subsydzje. Hy freget de ried om stipe om it kolleezje te freegjen romte te sykjen om finansjele romte foar ditsoarte fan projekten. As de oare Side 11 notulen 17-06-2002/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 14