fraksjes net réagearje giet hy der fan út dat dit stipe wurdt. It is terjochte dat wethâlder Bouma seit dat de gemeente yn it ramt fan de folkshúsfestingsplannen foar it griis en grien" stiet. As der dus ja tsjin it wenplan sein wurdt moat de ried him realisearje dat der jild by moat foar it "griis en it grien". Miskyn kin der jild generearre wurde troch it prinsipe fan it yntinsyf romtegebrûk dan kin de grûn dy't de gemeente yn besit hat op wearde setten wurde. Datselde jildet ek foar de Onderwijs gebouwen sa as de âlde MAVO's yn Grou en Akkrum. Sykje nei middels, ôfweagje en in kar meit- sje wêr't it jild ynsetten wurde sil en dêrneist besjen oft de dingen dy't barre wol goed barre, dat is koartsein it stânpunt fan syn fraksje. Mei allinne ambysje op ambysje sette komme jo der net. As léste in koarte réaksje oangeande itjinge de hear Bijlsma sei oer it AZC yn relaasje ta syn fraksje. Syn fraksje respektearret alle eardere riedsbesluten en oannommen amendeminten oangeande it AZC. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje kontint is mei de beantwurding fan it kolleezje oangeande de dualisearing. As de need oan de man komt fynt syn fraksje krekt as it CDA dat de OZB in "upje" ha kin as dat nedich is foar in oan te wizen projekt. Dêrop kin de befolking wol oansprutsen wurde. Dat der by plattelânsprojekten noch 1/3 fan de gemeente moat is ek bard by de Staandemast-route. Dat achterfolget ús noch altiten. It moat dus bekend wêze hoe't de projekten ek finansjeel goed fer- rinne kinne. En net wer samar op allegear projekten ynspringe. De hear Van der Meulen seit dat der yn earste oanlis wol goed diskusjearre is oer de Staandemast- route. Der is wol deeglik goed oer neitocht. De hear Zijlstra seit dat hy sizze wol dat it kolleezje op 'e tiid mei goede plannen komme moat. By de Staandemast-route waarden wy faak achter de broek sitten troch deadlines ensafuorthinne. De hear Postma seit dat de grutte fraach is oft der wol in goede risiko-analyse makke is by ditsoar- te fan grutte projekten. De hear Zijlstra seit dat de plattelânsprojekten net op kosten gean moatte fan saken dy't syn frak sje in protte stjerkes jûn hat. Foar de skoallen, lykas foar alles, is it ek in saak fan in goede kos ten/batenanalyse. Syn fraksje it tige wiis mei de frijwilligers en hy is it iens mei it kolleezje wat foar de frijwilligers te dwaan. Mefrou Dekker seit dat de ried, útsein it CDA, yn dat ramt de frijkaartsjes foar Friesland Vaart be- skikber stelt foar de frijwilligers. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje dit in ferkeard sinjaal fynt. Ek syn fraksje it tige wiis mei de frijwilligers mar op dit momint dit gebaar fynt hy net terjochte de kaartsjes no werom te jaan. De hear Bouma tinkt dat der fanút de ried wei posityf kritysk en net allinne posityf reagearre is. Der binne noch in tal fragen steld dêr't gjin antwurd op kommen is. Ek syn fraksje wol stribje nei it fi nansjeel goed op oarder hawwen fan de gemeentefinânsjes. Syn fraksje mist in essinsjeel oersjoch fan de reserves en de kosten en baten. Hy hechtet in grut belang oan in goede Onderbouwing. Hy freget hoe't de meicirculaire troch it kolleezje behannele is. Wat de werstrukturearing oanbelanget sil der goed mei de partijen gearwurke wurde moate om it gehiel foar elkoar te krijen. No't it eko- nomyske tij feroaret set syn fraksje fraachtekens by Wergea-West. Wat de plattelânsprojekten oan belanget is hy it iens mei de hear Postma. Hy freget nei de útkomst fan it oerlis mei DS oer Frisia. Hy hat gjin antwurd krigen op syn fraach oer de farferbining troch de Burd. Wist it kolleezje net earder dat der ek wat mei de húsfesting fan plysje en brânwar barre moast sadat in kombinaasje mei it nije gemeentehûs mooglik is. Dan leit der noch in fraach om it fytspaad Grou-Akkrum te On- Side 12 notulen 17-06-2002/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 15