ook ingediend. Als de raad dat fietspad nog wil realiseren zal er toch 1/3 van de kosten moeten op brengen. De foarsitter seit dat as it kolleezje fan de ried oan de slach moat mei dizze projekten dan moat dat no wol dúdlik makke wurde. Hy konstatearret dat de ried dit wol. De hear Van der Meulen ferlit de gearkomste om 17.20 oere. De fice-foarsitter fan de ried sit de gearkomste foar. Boargemaster Dijkstra seit dat de ried wol dat der nochris flink oan 'e beam skodde wurdt foardat der ta belestingferheging oergien wurde kin. It kolleezje seit dat it deade hout al út 'e beam is as it om de organisaasje giet. It giet om in dikke beam dy't it net maklik is om te skodzjen. En om dochs wat te finen sil de seage brûkt wurde moatte. As de ried dat wol, sil it kolleezje dat dwaan, mar it betsjut ek in opdracht foar de ried. It kolleezje sil oan de opdracht foldwaan, mar it kostet wol de nedige tiid. Seagjen yn'e beam hat konsekwinsjes foar it bedriuw en dêr moat op in goede wize mei omgien wurde. It kolleezje hat altiten sein oer Friesland Vaart dat as der in tekoart ûntstean soe de ried dêrfoar in garânsjebedrach frege wurdt. It kolleezje hopet dat dy garânsje net oansprutsen wurde hoecht. Hjoed wurdt der diskusjearre oer de maitiidsnota. De ried jout it kolleezje de op dracht oan de slach te gean mei de prioriteiten dy't de ried stelt. Hy hat it gefoel dat dy prioriteiten binne: bestjoerlike fernijing, brânwarkazerne Grou, ûnderwiishúsfesting en it nije gemeentekantoar. De ried hat noch net sein dat foar de pluskes by dizze prioriteiten de OZB ferhege wurde mei. It kol leezje kin net in opdracht krije om fan alles te dwaan sûnder dat dêr jild foar is. De ried dielt dus de prioriteiten sa't dy op side 5 fan de maitiidsnota steane. As de ried him net konkreter útsprekt oer it meinimmen fan oare saken is dat net in beslút as sadanich fan de ried. Opdrachten dy't de ried oan it kolleezje jout moatte, sa hat hy begrepen, besjoen wurde tsjin de achtergrûn fan it skodzjen oan 'e beam. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. De foarsitter freget oft der noch sitewaasjes, projekten, beliedsûntwikkelingen bûten de bestjoerlike fernijing, brânwarkazerne Grou, ûnderwiishúsfesting en nij gemeentekantoar binne dêr't noch ûn- foldwaande in útspraak oer dien is. Dan soe dat no noch kinne. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje mei stjerkes oanjûn hat wêr op ynsetten wurde moat. As ekstra punt neamt hy it jeugdbelied. It hoecht lykwols net mear jild te kostjen. It besteande jild soe wat oars ynsetten wurde kinne. De foarsitter freget hoe't de ried dêr oer tinkt. Of moat dit besjoen wurde yn it ramt fan it skodzjen oan 'e beam. De hear Postma seit dat foar syn fraksje it jeugdbeleid net in topprioriteit is. It soe meinommen wurde neidat oan de beam skodde is by beliedsyntinsivearring. De hear Bijlsma seit dat hy it inisjatyf fan de fraksje fan de PvdA wol stipet, yn dy sin dat it jeugd belied, dat no knap op 'e rails stiet, net mei minder takin. Wethouder Van den Berg zegt dat, ook naar aanleiding van de discussie in de commissies, er nog gekeken moet worden naar hoe het nu met het jeugdbeleid gaat en welke doelen op termijn verwe zenlijkt kunnen worden. Dat hoeft geen extra geld te kosten. Side 15 notulen 17-06-2002/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 18