Wethâlder Bouma seit dat yn de maitiidsnota ek de "voor -en vroegschoolse" edukaasje neamt wurdt en dat kostet wol jild. De hear Gerbrandij seit dat syn fraksje de miening fan de hear Postma datoangeande dielt. De foarsitter konstatearret dat dizze miening troch de hiele ried dielt wurdt. De hear De Vries seit dat yn de ried en de kommisjes al hiel faak de Sportnota neamd is. It is al wol dúdlik dat dêr saken oangeande sport en akkommodaasjes út komme dy't ekstra jild kostje sille. Om gau oan it wurk te kinnen sil der foarút al jild beskikber wêze moatte. Hy wol graach fan de oare fraksjes hearre hoe wichtich dy dit punt fine. De foarsitter freget oan de ried oft it kolleezje by de begrutting 2003 mear jild reservearje moat foar sport. Hy konstatearret dat de fraksjes fan de PvdA, GB2000, CDA en FNP dat fine. De hear Bouma seit dat hy it net mei de hear De Vries iens is. Hy wol earst de Sportnota sjen. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje hielendal foar de sport is. Hy is lykwols bang dat it om hiele grutte bedragen gean sil. De foarsitter konstatearret dat de ried wol, dat neist de yn de maitiidsnota neamde prioriteiten, de sport te belûken by de begrutting 2003 ôfsjoen fan "it skodzjen oan de beam." Dêrneist is der be- liedsmjittich omtinken frege foar de jongerein. Der is troch it kolleezje tasein dat der in startnotysje makke wurde sil oer it gemeentlike foarljochtingsbeleid. As it skodzjen oan 'e beam wat opsmyt soe dat brûkt wurde kinne foar it grienûnderhâld. 6. Slute. De foarsitter slút de gearkomste ûnder tank foar de bydragen oan de diskusje en beslútfoarming om 17.45 oere. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 20 augustus, 2002 de d (R.P. van der Starre) (Y/Dijkstra) Side 16 notulen 17-06-2002/absh/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 19