alle complexen de revue te laten passeren. Hij is bereid om die informatie met de commissie te de- De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. Boargemaster Dijkstra betanket de ried foar de opmerkingen en de kompliminten dy't makke binne oer it jierferslach. Dy kompliminten komme de amtlike meiwurkers ta. It jierferslach sil rom fer- spraad wurde: pleatslike belangen, maatskiplike organisaasjes, it is beskikber yn de bibleteken en it stiet op ús webside. It is fergees te krijen. As de minsken it krije is der fuortendaliks de réaksje- mooglikheid oanjûn. It boargerjierferslach is in hiel oar ferslach as it jierferslach. It giet dêryn om in skôging oer wat de ried besluten hat. Yn it boargerjierferslach moat komme te stean hoe't de yn- spraak fan 'e boargers ferrûn is. Dêrnjonken kin der ek oer oare saken wat sein wurde. As in útstel fan it kolleezje yn de kommisje behannele is kin it kolleezje dêr net safolle mear oan dwaan. It is nammentlik dan in stik fan de ried. Dêrom is der yn it riedsútstel neat werom te finen fan wat yn de kommisje allegear sein is. Hy seit dat der serieus nei de Onderwerpen dy't yn de kommisje neamd binne, sjoen wurde sil en dat dy werkenber werom komme sille yn it boargerjierferslach. Dan de fraach fan de hear De Vries om boargers earder te belûken by it boargerjierferslach. Der moat foar oppast wurde dat de boargemaster alle ferantwurdlikheid oernimt foar ynspraak. Dy ferantwurdlik- heid leit yn it foarste plak by de ried en by it kolleezje. De boargemaster moat oanjaan hoe't dat al legear funksjonearret. Dêr soe hiel goed mei it publyk oer praten wurde kinne. De suggestje oan- geande it boargerpanel fynt hy in hiele moaie. *Hy seit ta dat serieus te oerwagen en bygelyks yn septimber op in foarsichtige wize dêr mei te begjinne. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. De hear Gerbrandij seit dat syn fraksje de kompliminten jout oan it amtlik apparaat foar syn ynset. Syn fraksje kin ynstimme mei de trije punten út it útstel. Hy kin net ynstimme mei it utstel fan de fraksje fan de P.v.d.A. om no al in bedrach út de algemiene reserve te heljen. De hear Bouma seit dat de konsept managementletter al lang binnen is. Wannear kin de ried dy yn- sjen? Syn fraksje kin ek net ynstimme mei it útstel fan de P.v.d.A. om no al in bedrach út de alge miene reserve te heljen. Syn fraksje freget wannear't de earste ferbetterpunten oanbrocht wurde sille. Hy fynt dat de Rekkenkeamer wer gearstald wurde moat en dat dy oer de begruttingssyklus te set moat. De hear Roorda seit dat der net al te geheimsinnich mei de managementletter omgien wurde moat. De wethâlder hat lykwols tasein dat de ried de managementletter te sjen krijt. It is goed om te hea- ren dat eltsenien de soarch dielt oangeande it wolwêzensfûns. Syn fraksje kin ynstimme mei it fol- sleine kolleezje-útstel. De hear Janse is der tige wiis mei dat de wethâlder alle kompleksen út it Grûnbedriuw ris goed op rychje sette wol. Hy tinkt dat hy dan ek te hearren krijt út hokker kompleksen de léste kosten fan Grou-noard dekt wurde sille. Syn fraksje hat gjin ferlet fan de managementletter, mar hat fol- dwaande oan it akkountantsrapport. Mar as de ried om de managementletter freget moat dy wol sa gau mooglik jûn wurde. Yn paragraaf 7.2 fan it akkountantsrapport wurdt yngien op de nije site- waasje yn it dualisme. D6er stiet genôch yn oer de kontakten fan de ried mei de akkountant. Hy hat it kolleezje frege om oan te jaan hoe't de ferbetterpunten oanpakt wurde sille. De hear Postma seit dat hy opmerkings makke hat oer it jaan fan ynformaasje en it krijen fan in ré- aksje op in brief. Dy fregen binne net beäntwurde. As de ried eame om freget moat hy dat ek krije, at is stik no wol as net yn it kolleezje behannele is. Foar him spilet de managementletter yn de dis kusjes rûn it fêststellen fan de jierstikken lykwols gjin rol. Syn fraksje hat steld dat as de ried be- Side 4 notulen 18-06-2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 23