slissingen nimme moat oangeande beliedsaktiviteiten as it beskikber stellen fan krediten yn de uit stellen standert de kwalitative en wêr mooglik ek de kwantitative effekten meinommen wurde moatte. Om't gjin oar riedslid dér op réagearre hat nimt hy oan dat eltsenien dizze miening dielt. De hear De Vries seit dat der in goed en helder antwurd op syn opmerkingen jûn is. Om't it jierfer- slach foar eltsenien bedoeld is is it lestich om de ynhâld ôf te stimmen op eltsenien dy't it léze moat as wol. Hy ropt de harkers nei de Boarnsterstim op it jierferslach te lézen en as sy dér wat fan fine lit dat dan de gemeente witte. Hy is dermei ynnommen dat de der sa posityf op it útstel fan it boargerpanel réagearre is. Hy freget de boargemaster yn de kommisje oan te jaan op hokker wize it boargerpanel gearstald wurde kin. De hear Bijlsma seit dat syn fraksje de soarch oer de reserve wolwêzen dielt. It útstel fan de PvdA giet him lykwols te fier. Hy merkt op dat der f.. 570.000,00 oan it fûns ûntlutsen is foar de nijbou fan de bibleteek. Mar dat bedrach komt yn lytse partsjes werom. Hy freget it kolleezje om der sa gau mooglik foar te soargjen dat dy f. 570.000,00 wer werom komt yn de reserve wolwêzen. Wethouder Van den Berg vindt het jammer dat zij nog steeds niet duidelijk heeft kunnen maken hoe integer het college met de managementletter wil omgaan. Na bespreking in het MT en het college is de managementletter natuurlijk ter beschikking van de raad. Zij hoopt dat de raad daarin het col lege vertrouwt. In het rapport van bevindingen wordt ook aangegeven dat de hoofdpunten van de managementletter daarin zijn opgenomen. Zij moet het antwoord op de vraag van de heer Postma naar het uitblijven van een reactie op zijn brief schuldig blijven. Er zal goed en frequent worden gecommuniceerd over dreigende tekorten. Wethouder Jonkers zegt dat de notitie over het Grondbedrijf er aan komt. De foarsitter seit dat hy as foarsitter fan de ried de folgjende opmerking makket. As de ried freget om ynformaasje moat hy dy krije. De ried hat rjocht dêrop. Oangeande de managementletter wol it kolleezje dy graach oan de ried jaan mei it kommintaar fan it kolleezje dêrby. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Utstel oangeande de jierrekken 2001, begruttingswizigingen 2002, ûntwerpbegrutting 2003 (yn- klusyf wiziging) en beliedsplan 2003-2006 fan de Regionale Brandweer Centrale Post Ambulance (CPA) Fryslân. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO foar it hiele doarp Wer- gea. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel ta it wegerjen fan meiwurking oan de bou fan in twadde bedriuwswente oan de Wjitte- ringswei te Jirnsum. Mefrou Verkerk seit dat har fraksje meiwurking ferliene wol oan de bou fan dizze wente. Sy hat dêrfoar de folgjende arguminten. Lâns de Wjitteringswei fynt nammentlik mear bebouwing plak en dy bebouwing docht gjin ôfbreuk oan it oansjen fan it bûtengebiet. Ek tinkt har fraksje dat der net sprutsen wurde kin fan presedintwurking, sjoen de al besteande bebouwing. Ek it argumint oan geande it wentekontingint is net stekhâldend. It wentekontingint moat ek brûkt wurde kinne yn it bûtengebiet. Side 5 notulen 18-06-2002/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 24