De hear Postma seit dat syn fraksje fragen hat omtrint it argumint fan de wethâlder dat wentebou op it winske plak net mooglik is, los fan it feit dat dêr in pear grize flakjes tekene binne en mei yn relaasje ta oare Ontwikkelingen yn dat gebiet. De hear Janse seit dat hy him yn de kommisje ek al útlitten hat oer de starheid fan it bestimmings- plan bûtengebiet en benammen oangeande it bouwen fan twadde bedriuwswenten. Yn it algemien moat it sa as it yn it bestimmingsplan stiet. Mar der moat ek sjoen wurde nei hoe't it kin as der gjin mooglikheid is. It giet hjir om in stik grûn tusken 2 diken yn. It grinzet oan in yndustryterrein. Wat kin der oars mei dat terrein dien wurde? Op dat terrein steane ek al twa huzen en in eardere pleats. Hy hat gjin arguminten sjoen wat it foar it yndustryterrein betsjut dat der boud wurdt op dit terrein. ROnom steane al wenten op dit yndustryterrein. Hy wol graach antwurd op dizze fraach. Hy wol ek graach witte hoe't de Onderhannelings tusken Rotteveel en syn buorman ferrûn binne oangeande it oankeapjen fan grûn. Hy hat de yndruk dat der noch wol wat mooglik is. De hear Ziilstra seit dat de famylje syn fraksje ynljochte hat oer harren beweechredenen om oer de dyk hinne te bouwen. Fan de oare kant hat syn fraksje de mooglikheden besjoen om te bouwen op de postsegel. Yn de fraksje is wiidweidich oer dit útstel praten. Dêrby is de fraach nei foaren kaam wat de gemeente him op 'e hals hellet sil as der tastimming ferliend wurde sil. Op dy fraach wol syn fraksje graach in antwurd. Wethâlder Bouma seit dat yn it petear mei de famylje Rotteveel besocht is om de bou fan de wente mooglik te meitsjen. Op de kavel oan 'e oare kant fan de dyk leit in agraryske bestimming, net be- boud. As der tastien wurdt om te bouwen soe dat konsekwinsjes hawwe kinne foar oare grûn yn it bûtengebiet mei de selde bestimming. Eigendom jout om himsels gjin rjocht om eame in wente del te setten. De buorman hat witte litten dat hy net beneiere is troch de famylje Rotteveel en hy hat oanjûn dat it mooglik is om te praten. Op dit stuit kin der beslist gjin meiwurking ferliend wurde. Mocht him in mooglikheid foardwaan om grûn fan de buorman oan te keapjen dan kin in bouplan op en nij besjoen wurde. Dit hinget lykwols óf fan de twa private partijen. Der soe noch útsocht wurde kinne oft it yndustryterrein fan ynfloed is op dizze wente. It kolleezje giet der lykwols fan út dat it net tastien is om op dit plak te bouwen. De wente soe wol in weromslach jaan kinne op de bedriu- wichheid op it yndustryterrein. De bou fan dizze wente kin dus de útwreiding fan de bedriuwen skea oan dwaan. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje de arguminten fan it kolleezje sterk genôch fynt. Hy stipet it út stel fan it kolleezje Hy hopet dat it de famylje slagget noch in oar goed plak te krijen foar dizze wente. De hear Janse seit dat syn fraksje ferdield is. Hy seis is foar it bouwen fan dizze wente. De hear De Jong seit dat yn syn fraksje hiel bot praten is oer dit útstel. Hy fynt dat der earst noch oerlis wêze moat tusken de famylje en syn buorman foardat de ried beslist. Wethâlder Bouma seit dat dizze kwestje al jierren spilet. Der is besocht in oplossing te finen, dat is net slagge. Oanhâlde hat gjin sin om't bouwen op it frege plak net kin. Wat mooglik letter nochris komme kin út de Onderhannelings is yn earste ynstânsje in private kwestje. De hear Postma freget oft hy goed begrepen hat dat der gjin Onderhannelings mei de buorman plak- fûn hawwe en dat der sein is dat dêr noch wol wat mooglik wêze soe? De hear Janse seit dat hy dy yndruk hat. Wethâlder Bouma seit nochris dat dy Onderhannelings los steane fan dizze oanfraach. notulen 1 8-06-2002/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 25