BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hélden op 17 juny 2002 om 13.30 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: De leden fan de ried: De froulju J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju A. Bijlsma S. Bouma, J. Gerbrandij, S.G. Janse, G. de Jong, D. van der Meulen, H.G. Postma, M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hearen N. Boringa, J. Hemminga en J. Roorda De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de froulju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers. Foarsitter fan de ried: de hear Y. Dijkstra. Fice-foarsitter fan de ried: de hear J. Zijlstra Loko-griffier: de hear C.l. Koffeman tasizzing) 1lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de le den Boringa, Flemminga en Roorda behindere binne de gearkomste by te wenjen. By ôfwêzichheid fan de fice-foarsitter fan de ried, de hear Roorda, moat der in regeling troffen wurde. Op grûn fan anciënniteit en âldens freget hy de hear Zijlstra oft dy fice-foarsitter fan de ried wêze wol. De folchoarder by it hâlden fan de algemiene skôgings skoot elts jier in plakje op. Dat betsjut dat dit jier de folchoarder wêze sil: C.D.A., Gemeentebelangen 2000, P.v.d.A., V.V.D. en F.N.P. De hear Zijlstra seit dat hy dat hjoed wol dwaan wol. Hy wol wol graach dat der noch in foarsjen- ning troffen wurdt oangeande de ferfanger fan de fice-foarsitter. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan dizze gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. De wurklist wurdt sa fêststeld. 4. Gelegenheid ta it halden fan algemiene skôgings. 5. Behanneling fan de maitiidsnota. De hear Van der Meulen seit dat der koartlyn in nij kolleezje kommen is en it Riedsprogramma is oannommen mei de titel "Boarnsterhim, de wind in de zeilen". Mar dêrmei binne we der net. De wyn yn 'e seilen is moai, mar de ried moat it wol iens wêze hokfoar kant der útsyld wurde moat. De ried moat oanjaan hokfoar rjochting it kolleezje út moat. Wat syn fraksje oanbelanget binne der net safolle wizigings oangeande it Riedsprogramma .Hjir en dêr sil hy noch in aksint lizze. It dualis me soarget derfoar dat ried en kolleezje op in oare wize mei-elkoar omgeane. Dat is best lestich, it is noch wennen. Foar syn fraksje is de kommunikaasje in hiel wichtich item. It kommende jier moat dêr in soad omtinken foar wêze. It skeel wat der sit, moat yn byld brocht wurde. Dêr moat, ek mei notulen 17-06-2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 3