10. Utstel om yn prinsipe gjin planologyske meiwurking te ferlienen oan it fersyk ta ferpleatsing fan in agrarysk bedriuw nei it gebiet de Greate Mar oan 'e súdkant fan Wergea. Konform besletten. WWR 11Utstel ta it fêststellen fan it Antennebelied yn Boarnsterhim. Wurdt earst behannele yn de riedskommisje. WWR 1 2. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar in hea-opslach op it perseel Grêft 4 te Warten. Konform besletten. WWR 13. Utstel oangeande bydrage oan Nasjonaal geskink Argentinië. Unanym fersmiten. B&M 14. Utstel ta it fêststellen fan de feroardering op de riedskommisjes 2002. Oan de hân fan de moasje fan de VVD en GB 2000 wurdt unanym besletten artikel 11 te wizigjen: 7 dagen wurdt 14 dagen. Op 'e Hichte kin wat de termyn oanbelanget gelyk bliuwe oan de hjoeddeiske sitewaasje. Fierders konform besletten. Mid. 1 5. Nijbou gemeentehûs Boarnsterhim. Punt 2 wurdt ynlutsen mei de ôfspraak dat dat punt sa gau sa mooglik werom komt yn de kommisje BMM. Fierders konform besletten. Mid. 16. Utstel ta it ynfieren fan de Wet bescherming persoonsgegevens (Wbp). Konform besletten. Mid. 1 7. Fernijing ynrjochting kemping Oan 'e poel yn Terherne. It kolleezje sil de kommunikaasje befoarderje tusken alle belutsenen. De útstellen 1 oant en mei 3 wurde weromlutsen. Utstel 4 wurdt oannommen mei 9 stimmen foar en 8 stimmen tsjin. Utstel 5 wurdt oannommen mei 10 stimmen foar en 7 stimmen tsjin. WWR 18. Sluting Side 2 beslutelist 20 augustus 2002/iajb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 84