Op 3 en 4 juny 2002, tidens de kommisjegearkomsten, hawwe in grut tal bewenners fan de camping "Oan 'e Poel" te Terherne en in tal Terhernsters harren útsprutsen tsjin it kappen fan in grut tal beammen en strúken op de camping "Oan 'e Poel" en tsjin de deropfolgjende plannen fan de hjoeddeistige eksploitant om it kampearterrein te fer- partsjen yn kavels foar chalets, wermei't de hjoeddeistige bewenners ferballe wurde en der foar passanten gjin mooglikheden mear binne om gebrûk te meitsjen fan "trek kers-faciliteiten". Der komt by, dat yn it ramt fan it Kameleon-projekt de camping in wichtige rol spilet. In rol, dy't mei dizze feroarings útspile is. Njonken de relaasje fan de bewenners fan de camping mei it doarp - de measten binne hjir al jierren fêste gast - en de relaasje fan de ynwenners fan Terherne mei dizze gas ten, is de camping ek foar in part in foarsjenning foar en fan Terhernsters, seker as it giet om it swimmen yn de Poel. In ûntjowing, dy't der op rjochte is om it karakter fan camping "Oan 'e Poel", as in iepen en mingde rekreaasjefoarsjenning foar elkenien, te feroaijen yn in sletten park mei chalets, is yn de eagen fan de fraksjes fan de FNP en de PvdA net winsklik. Bop- pedat komt dit ek net oerien mei it troch de ried fêststelde Ekonomyske Beliedsplan, weryn sprake is fan en de foarkar útsprutsen wurdt foar lytsskalige rekreaasjefoarsjen- nings foar alle lagen fân de befolking. Op 1 augustus 2002 ferliende it kolleezje in kapfergunning op basis fan de beoardie- lingskriteria natoer- en miljeuwearden, lânskiplike wearden, oansjen fan it doarp en kultuerhistoaryske wearden. Neffens de fraksjes fan de FNP en PvdA binne dit no krekt de wearden op basis werfan de kapfergunning wegere wurde moatten hie. Lykwols hat it kolleezje de fergunning ferliend en is de folgjende stap oan de gasten fan de camping "Oan 'e Poel" yn in berop- en beswiereproseduere. De ried kin dit beslút net weromkeare. It beswierskrift leit ynmiddels by de riedsleden. Wichtiger is it om ús as ried út te sprekken oer ûntjowings op it mêd fan de rekreaasje dy't al as net winske binne en dizze fyzje del te lizzen yn in beliedsplan en de ferskate bestimmingsplannen. Allinnich op dizze wize kin in ûntjowing op dit mêd troch de ried stjoerd wurde en kin der tefoaren kommen wurde dat der in wyldgroei plakfynt fan chalets- en bungalowparken, in ûntjowing dy't almar mear waarnommen wurdt en gjin rjocht docht oan de winske rekreaasjemooglikheden yn de gemeente Boarnster- him, dellein yn it Ekonomyske Beliedsplan. Foar Terherne jildt in tariedingsbeslút yn ôfwachtsjen op in nij bestimmingsplan foar it doarp Terherne. Yn dit nije bestimmingsplan kin de ried oanjaan hokker fyzje der op de rekreaasje yn Terherne bestiet en hoe't dat hannen en fuotten krije moat. Yn ôfwachtsjen op dit nije bestimmingsplan kinne der eins gjin fergunnings ferliend wur de dy't sa yngripend binne foar it oansjen en it karakter fan camping "Oan 'e Poel". It giet dan net allinnich om in kapfergunning, mar ek om boufergunnings, in miljeufer- gunning en in fergunning yn it ramt fan de "Wet op de Openluchtrecreatie". Al dizze fergunnings binne as wurde oanfrege troch de hjoeddeistige eksploitant fan camping "Oan 'e Poel" mei de bedoelingen sa as earder oanjûn. De fraksjes fan de FNP en de PvdA binne fan miening dat dizze fergunnings net earder ferliend wurde kinne as dat it nije bestimmingsplan troch de ried goedkard is. Dat is it beliedskader, der't it kol leezje mei oan it wurk moat. De fraksjes fan de FNP en de PvdA stelle de ried dan ek út om: a. it kolleezje op te dragen om, hingjende de proseduere omtrint in nij bestimmings plan foar Terherne, gjin fergunnings te ferlienen dy't yngripende feroarings ta ge- folgen hawwe b. hingjende de berop- en beswiereproseduere fan de campinggasten tsjin de kapfer gunning it kolleezje op te dragen der op ta te sjen dat der noch net kapt wurdt en dit oan belanghawwende van Hoorn mei te dielen; dit om (alteast foarlopich) aard en karakter fan camping "Oan 'e Poel" te behâlden en de ijochten fan de camping- gasten te beskermjen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 87