17. Inisjatyfútstel fan de fraksjes fan PvdA en FNP oangeande fernijing ynrjochting camping Oan 'e Poel yn Terherne. De hear Bijlsma jout in taljochting op dit inisjatyfútstel, dat as doel hat it behâld en fuortsterkjen fan de camping Oan'e Poel. Alles stiet ek yn de bylage dy't by it riedsútstel heart. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.35 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 21.50 oere. De hear Van der Meulen seit dat it inisjatyfútstel oer tal fan saken giet. De fraach is hokfoar rom te de ried dêryn hat. Wat is it foech fan de ried? Der moatte gjin falske ferwachtings nei de bewenners fan de camping ta wekt wurde. Hy freget hokfoar romte de bewenners noch hawwe om de kap fan beammen te kearen. De hear Hemminga seit dat hy him by dizze wurden oanslute kin. Hy herinnert der ek noch oan dat de Kampearferoardering krekt yn 1999 oannommen is troch de ried. By privatisearing moatte betingsten opnommen wurde dêr't in ûndernimmer oan foldwaan moat. Binne dy betingsten hjir ek steld? Syn frakjse stiet foar in oerheid dy't betrouber is en konsistint belied fiert. As it bes- timmingsplan oan 'e oarder komt, kin de ried him dêr oer útsprekke. De hear Bouma seit dat ek syn fraksje hoeden mei dizze saak omgean wol. Syn fraksje wol graach witte mei hokfoar arguminten it kolleezje de kapfergunning jûn hat en hoe't it werplan- tingsplan der út sjocht. Hy hat no wol yn 'e gaten dat der folie mear oan 'e hân is. Koe it kollee zje dat foarsjen en hoe moatte we ús dêr tsjin wapenje, as we dat wolle. Der binne tal fan argu minten oanfierd troch de minsken fan de camping, wêrûnder ek in tal suggestive. As it mooglik is, soe de kapfergunning skorst wurde moatte en set alles op in rychje oan gefolgen en wat de gemeente dwaan kin foar Terherne. Oangeande grutskalige bungalows is yn it ferline ôfpraten dat der gjin grutskalige parken yn Fryslân mear by komme. Leit der al in oanfraach fan de ûndernim- mer? Wethouder Van den Berg zegt dat het beleid ten aanzien van kapvergunningen geregeld is in de APV. Het college is bevoegd. De ruimte is dat ten behoeve van de zorgvuldigheid de termijn 1 keer verlengd kan worden en er kunnen voorwaarden voor herplanting gesteld worden. Verdere beleidsruimte is er niet. Hoe de zienswijzen zijn getoetst heeft de raad kunnen lezen in de brief die daarover aan de indieners is gestuurd. Als de raad ten aanzien van kapvergunningen een ac tueel beleid wil vaststellen, zal de raad het college op moeten dragen met een voorstel daarom trent te komen. Als de raad dat wenst zal het college de mogelijkheden en de consequenties aangeven ook wat betreft de beleidsplanning en de financiën. Al zou er in de toekomst ander be leid worden vastgesteld, dan heeft dat geen gevolgen voor de nu verleende kapvergunning. De rechtsbescherming van de mensen die een bezwaarschrift hebben ingediend is geregeld in de Awb. Men kan binnen 6 weken een bezwaarschrift indienen, dat echter geen schorsende werking heeft en daarnaast kan een voorlopige voorziening bij de rechter gevraagd worden. Bij de ziens wijzen zijn ook allerhande andere vragen gesteld, waarop men een antwoord heeft gekregen. Wethâlder Bouma seit dat de ried op 16 april in tariedingsbeslút foar Terherne nommen hat om net winske ûntwikkelings tsjin te gean. Hoe't de ynrjochting fan in terrein der út sjocht is net op nommen yn in bestimmingsplan. Dêrneist is der yn 1999 in Kampearferoardering fêststeld. Yn de Kampearferoardering wurdt eksakt oanjûn de soarte fan camping ensafuorthinne. De Kampear feroardering is ûnderlizzer fan it bestimmingsplan. It leit yn de bedoeling daT it bestimmingsplan Terherne oan de ein fan dit jier yn de kommisje behannele wurde kin. Earder kin, sjoen alle oerlis en de soarchfâldige tarieding dêrfan, net. Wol de ried de Kampearferoardering oanpasse, dy't krekt in pear jier lyn fêststeld is, dan kin dat. Mar it kolleezje hat dêr noch gjin jild foar frijmakke. Pagina 7 04. notulen 20 augustus 2002/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 10