vraag voor de exploitatievergunning al is ingediend. Is het bij het college bekend dat er een wetswijziging komt waarin de rechtspositie van langkampeerders wordt versterk? Zij vraagt of er voorwaarden waren verbonden aan het krijgen van ESF-gelden. Als laatste merkt zij op dat haar fractie best begrijpt dat bepaalden zaken onomkeerbaar zijn. Toch zou zij het college willen vra gen instrumenten aan te dragen om beter sturing te kunnen geven aan dit soort ontwikkelingen. De hear Van der Meulen seit dat hy begrypt dat it kolleezje op basis fan troch de ried fêststeld belied de oanfraach toetst hat en net oars koe dan de fergunning ferliene. Dus wurdt der no pra ten oer wat der yn de takomst oars moatte soe. De Kampeerverordening jout blykber net foldwaande hanfetten. Foar in tal gebieten soe mear yn detail fêstlein wurde kinne hoe't de kam- pearterreinen ynrjochte wurde kin. Mar dat is foar dizze oanfraach te let. Dat is spitich foar de bewenners. It is in goede saak dat it kolleezje oanjûn hat dat hy yn oerlis mei de partijen besjen wol hokfoar kant it út moat en kin. De ried moat dêr it kolleezje yn stypje. De hear Bouma seit dat it kolleezje blykber de 4 toetsingskritearia foar de kapfergunning oars sjocht as de bewenners fan de camping. Hy wol graach fan it kolleezje de oerwagings hearre. De hear Hemminga slút him oan by de wurden fan de hear Van der Meulen. Hy is wol hiel blid mei de argumintaasje fan de frakjes fan de PvdA en FNP, dy't wol in omslach yn tinken is oange- ande chalets, in iepen camping en de doelgroep dêrfoar. Want hy kin him de diskusje oer Tusken de Marren noch goed heuge, dêr't ek oer chalets ensafuorthinne praten is. De hear De Vries seit dat it hjir om in lestige saak giet. It kolleezje beweecht him binnen de beliedsromte dy't him troch de ried taskikt is. Mei de beantwurding fan it kolleezje op dat punt kin hy ynstimme. De kapfergunning is in earste lytse stap yn 'e Ontwikkeling dy't in behoarlike ympact hawwe sil op de camping. It giet fan in miks fan langkampearders en frij kampeare nei in camping mei blokkedoazen op in rychje. It tagonklike karakter, en dat is krekt sa weardefol, giet dus ferlern. De kampearders binne dêr fûl op tsjin. Fan de eigener fan de camping, it bestjoer fan de Doopsgesinde Tsjerke, is ek optekene dat men net wiis is mei de Ontwikkeling dy't de pachter foar eagen hat. It sil sa wêze dat dy eigener nochris sjen wolle sil nei it pachtkontrakt om't doe't dat kontrakt ófsletten is der noch neat bekend wie fan de plannen fan de pachter. Wa wit wat dat noch opsmite sil. Ek it doarp Terherne liket tsjin wiziging fan it karakter fan de camping. De ried is ferdield, mar wat foar sinjaal is dat foar de eigener fan de .camping 61 langkampearders dy't harren ferienige hawwe. No al kinne jo oankommen sjen dat der 61 prosedueres fierd wurde sille. It is foarsisber dat de campingbewenners moarn by de rjochter in foarriedige foarsjenning oanfreegje sille. Lit de ried dan ek no de politike moed hawwe om fierder te sjen dan de kapfer gunning en harkje nei it sinjaal fan de minsken út it doarp, de minsken fan de camping en de ei gener. Lit de ried net sjen nei wat net kin, mar sjen nei wat wol kin oangeande it bestemmings plan Terherne, de Kampeerverordening en it belied oangeande kapfergunningen. Hy wol dat de ried it kolleezje opdraacht mei faasje te kommen mei it bestemmingsplan en it formulearjen fan nij belied yn de foarm fan in oanpassing fan de Kampeerverordening. Sa lang moat de kapfergunning oanhâlden wurde. Hy wol graach fan it kolleezje hearre yn hoefiere it tariedingsbesút mooglikhe- den biedt om dizze yngripende wiziging tsjin te hélden. De hear Bijlsma seit dat der dus blykber, ek planolysk net, stjoerd wurde kin yn it soarte fan kampear-, rekreaasjefoarsjennings dy't der yn Boarnsterhim binne of dêr't plannen foar binne. Lofts en rjochts sjogge jo dat datsoarte fan campings feroare wurde yn campings mei chalets en dêr't de oarspronklike campingbewenners ferballe wurde. De gemeente Boarnsterhim hat de léste jierren hiel bot dwaande west mei it oanlizzen fan fytspaden en kanorûtes. Dus foar minsken dy't mei in rêchpûde op ús gemeente ferkenne wolle. Dat kin dus aanst net mear, wat dizze minsken kinne nearne oernachtsje. Fytspaden en kanorûtes binne dus dan foar neat oanlein. Pagina 9 04. notulen 20 augustus 2002/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 12