14. Utstel oangeande it Plan fan Oanpak foar it realisearjen fan IBA's (Individuele Behandeling Afvalwater). Konform besletten. WWR 15. Utstel ta it fêststellen fan de feroardering oangeande it riedjouwend korrektyf referindum. Konform besletten. Mid. 16. Utstel ta it fêststellen fan de feroardering amtlike bystân en fraksjestipe. Konform besletten mei de wiziging fan artikel 8: 1.820,00 foar eltse fraksje en 200,00 foar elts lid. Mid. 17. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 fan de Wet op de Romtelike Oardering oangeande it gebiet Waterfront te Grou en in perseel oan de Utbuorren (Zoute Poel) te Terherne. Konform besletten. WWR 18. Utstel ta it ferlienen fan meiwurking oan it prinsipefersyk ta ferfanging fan in rekreaasjewente "Us Bûten" oan de Rochsleat te Warten troch in nije rekreaasje- wente en de oanlis fan in nije ynstekhaven. Konform besletten. WWR 19 Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO oangeande Industriewei 25-27 te Jirnsum. Konform besletten. WWR 20. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de ynfiering fan de 30 km/oere yn Grou (Stationsweg). De ried beslút mei 9 stimmen foar en 8 stimmen tsjin earst it ferkears- en ferfiersbelied te evaluearjen eart der in beslüt nommen wurd oer de ynfiering fan 30 km/oere yn Grou. WWR 21Utstel ta it net-ûntfanklik ferklearjen fan in fersyk om planskea Grousterdyk 6 yn Grou. Konform besletten. WWR 22. Utstel ta it net-ûntfanklik ferklearjen fan in fersyk om planskea Paviljoenstraat 43 yn Grou. Konform besletten. WWR 23. Utstel ta de earste wiziging fan it Reglemint fan oarder foar de gearkomsten en oare wurksumheden fan de ried. Konform besletten. Mid. 24. Utstel ta it fêststellen fan de "Verordening voorzieningen huisvesting onderwijs Boarnsterhim 2002". Konform besletten. B&S 25. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de skoalbegelieding. Konform besletten. B&S Side 2 beslutelist 17 septimber 2002/iajb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 136