De hear Van der Meulen ynterrumpearret dat hy dit dochs wol in demagogyske beneiering fynt. Der binne echt noch wol lytse campings. De hear Bijlsma seit dat der mar in tal ûndernimmers hoege te wêzen en it arsenaal campings dêr't sa kampeard wurde kin, is sa ferdwûn. Hy freget hoe't it mooglik wêze kin dat der in bou fergunning foar in stek om de camping hinne ferliend is. Dan wurdt der dochs ek foarútrûn op it bestimmingsplan. Wat is dan de wearde fan in tariedingsbeslút? De fraksjes fan PvdA en FNP hawwe besocht yn in tal útstellen helder te meitsjen dat der foar de takomst mear en bettere yn- struminten komme moatte om yn ditsoarte ûntwikkelings te stjoeren. De hear Postma ynterrumpearret en freget oft de hear Bijlsma fynt dat dat dan ek foar Tusken de Marren jilde moat. De hear Biilsma seit dat de Kampeerverordening ek fan tapassing is op Tusken de Marren. De fraach is om mei in stik belied te kommen dêr't de ried yn oanjaan kin hokfoar rjochting it op moat mei de rekreaasje yn Boarnsterhim. Hy seit dat punt 2 weromlutsen wurdt, om't it kolleezje net it foech hat in ferliende kapfergunning te skorsen. Wethouder Van den Berg zegt dat zij ook van alles vindt, maar dat telt nu niet. Het college heeft getoetst aan het door de raad vastgestelde beleid. Al sinds jaar en dag toetst het college de aan vragen om kapvergunningen aan de genoemde 4 criteria. Van belang is wat de jurisprudentie hiervan zegt en het college kan de criteria niet naar eigen inzicht interpreteren. Het college heeft zijn toetsing verwoord in de brief aan de mensen die zienswijzen hebben ingediend. Nogmaals, het college heeft de ruimte en de vrijheid niet om een kapvergunning in dit geval te weigeren. Wethâlder Bouma seit dat de deis nei de kommisjegearkomsten fan 3 en 4 juny sy en wethâlder Jonkers al mei de belutsen amtners om 'e tafel sieten om te besjen wat der allegear mooglik wie. Yn de ESF-subsydzje binne gjin betingsten oangeande de camping opnommen. Der is in tarie- dingsbeslút nommen om't der in nij bestimmingsplan taret wurdt. Dat tariedingsbeslút is nommen om ûnwinske sitewaasjes tefoaren te kommen, sa as hegere wenten en saken by de strâncam- ping. Op dat stuit wie der neat oan 'e oarder mei camping Oan 'e Poel. De mooglikheid dy't dizze eigener brûkt hie de foarige eigener ek al. De hear De Vries freget oft it tariedingsbeslút op dit stuit gjin mooglikheden jout wat de kapfer gunning oanbelanget. Wethâlder Bouma seit dat dit tariedingsbeslút datoangeande gjin mooglikheden jout. In takom- stich belied kin net mei weromwurkjende kracht wurkje. In tariedingsbeslút hat gjin wurking oan geande kapfergunning, miljeu- en kampearfergunningen. Sy sil moarn útsykje hoe't it mei de boufergunning fan it hek sit. Sy hat de idee dat in hek net ferlike wurde kin mei in boufergunning foar wenten of soksawat. It kolleezje wol der alles oan dwaan en gean mei eigener, omwenners en campingbewenners om 'e tafel. As de ried tefolle stjoere wol, hat ek de eigener de mooglik heid om de bestjoersrjochter yn te skeakeljen mei mooglike (finansjele) konsekwinsjes. Wethouder Jonkers zegt dat als de raad dat wil het college zal komen met een voorstel tot wijzi ging van de Kampeerverordening om een nadere precisering betreffende soorten campings in on ze gemeente. De hear De Vries seit dat it in hiel goede suggestje is om praten te gean mei de eigener, de cam- pingbewenners en de omwenners. Hy soe graach wolle dat yn dat petear ek de diskusje yn de ried dêrby belutsen wurdt. Pagina 10 04. notulen 20 augustus 2002/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 13