Wethouder Jonkers zegt dat er wel voor gezorgd moet worden dat partijen "on speaking terms" blijven. Dat vereist een goede strategie, waar hijzelf graag bij betrokken zou willen worden. De aanpassing van de Wet op de Openlucht Recreatie houdt in dat de rechtszekerheid van de lang- kampeerders uitgebreid wordt van 2 naar 3 jaar. Daar mag geen wonderen van verwacht wor- De foarsitter konstatearret dat punt 2 fan it inisjatyfútstel ynlutsen is en dat der fan de kant fan it kolleezje tasizzings dien binne oangeande it optreden as mediator en it kommen mei in útstel oangeande wiziging fan de Kampeerverordening. Hy freget oft PvdA en FNP no it útstel ynlûke of dat der stimming oer frege wurdt. Mefrou Dekker wol graach in tydlike sluting fan de gearkomsten. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 23.10 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 23.15 oere. De hear Biilsma seit dat punt 2 fan it útstel al ynlutsen is. Sjoen de tasizzings fan it kolleezje wurdt ek punt 1 ynlutsen. De punten 3,4 en 5 wol hy graach oer stimme. De foarsitter seit dat der nochal wat juridyske komplikaasjes oan punt 3 sitte. It kolleezje ûntriedt de ried dit punt oan te nimmen. Boppedat is der al in tasizzing troch it kolleezje dien om te kom men mei it útstel oangeande de Kampeerverordening. De hear Biilsma seit dat de fraksjes dan ek punt 3 ynlûke. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean oer de punten 4 en 5 fan it útstel. Nei de hâlden stimming oer punt 4 docht bliken dat dit punt mei 9 stimmen foar en 8 dêrtsjin oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden Troost, Boringa, Gerbrandij, Hemminga, De Jong, Van der Meulen, Postma en Roorda. Stimferklearring: De hear Postma seit dat syn fraksje tsjinstimt om't it útstel sprekt fan in opdracht oan it kollee zje Ynstimme soe betsjutte dat alle mooglikheden fan herprioritering en budzjettadieling oan 'e kant lein wurde. En dat wol syn fraksje net. Hy fynt it wol goed dat it kolleezje mei útstellen oer herprioritearing en budzjettadieling komt. De hear Biilsma seit dat it juster net klear hoecht. Hy is foar. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje deselde miening hat as de fraksje fan Gemeentebe langen 2000. Dan wurdt der stimd oer punt 5 fan it útstel. Nei de hâlden stiming docht bliken dat dit útstel mei 10 stimmen foar en 7 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Troost, Boringa, Gerbrandij, Hemminga, De Jong, Van der Meulen en Postma. Stimferklearring: De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der in beslissing nommen wurde kin op it momint dat it kolleezje nei de kommisje komt mei hoe't eksakt it kapfergunningenbelied is en op basis dêrfan kin dan in beslissing nommen wurde. Pagina 11 04. notulen 20 augustus 2002/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 14