BOARNSTERHIM gemeente N O T U L E N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 20 augustus 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: De leden fan de ried: De frouiju J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju A. Bijlsma, N. Boringa, S. Bouma, J. Gerbrandij, J. Hemminga, S.G. Janse, G. de Jong, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra. De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: De de frouiju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Ofwêzich: de hear Y. Dijkstra Foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear R. P. van der Starre tasizzing) 1. lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen en de harkers fia de Boarnsterstim hertlik wolkom. De simmer is hast wer foarby en de skoallen binne wer begûn. It wie yn mearder opsjoch in bysûndere simmer: net allinne fanwegen it wisselfallige waar mar ek wiene der in tal moaie simmerske dagen en wie der wetteroerlêst yn sawol binnen- as bûtenlân mei in hiel protte skea oan it lânbougewaaks yn it noarden fan Fryslân. Hy tinkt dan oan de rampsalige oerstrea- mings yn Tsjechië, Eastenryk en Dútslân. Hopelik komme de minsken dizze rampen wer gau te boppe. De simmer wie ek bysûnder fanwegen in grut tal kulturele en sportive hichtepunten sa as Friesland Vaart, it skûtsjesilen, it keatsen en it mêstklimmen. Noch ien útsmiter hawwe we ten goede: de gondelfeart yn Aldeboarn. In simmer dêr't de measte minsken nije enerzjy en ynspi- raasje opdien hawwe, ek foar it polityk bestjoerlike wurk. Hy winsket ried en kolleezje dêrby in protte sukses. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. De hear Postma wol graach dat punt 11 (Antennebelied Boarnsterhim) earst noch wer yn 'e kom- misje bepraten wurdt, krekt sa't yn de kommisje besprutsen is. De hear Van der Sluis wol graach fan punt 14 in B-stik meitsje. De hear Bijlsma seit dat de fraksjes fan PvdA en FNP in inisjatyfútstel yntsjinje. Hy wol dat graach behannelje as punt 17 fan de wurklist. Mefrou Dekker wol fan punt 7 in B-stik meitsje. De foarsitter seit dat de punten 7 en 14 feroare binne yn in B-stik. 04. notulen 20 augustus 2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 4