7. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanlis fan riolearing Sitadel te Akkrum. Mefrou Dekker freget wêr't de riolearing krekt oanlein wurdt. Betsjut dit dat der dochs groeven wurde moat yn de barm, wylst dy ek krekt mei it renovaasjeplan opknapt is. As dat sa is, wol har fraksje der graach foar yn 'e pleit gean dat as der wer in renovaasjeplan oan e oarder is de riole aring tagelijk meinommen wurdt. Dat sil in protte jild besparje. Wethouder Van den Berg zegt dat er rond 2000, toen er nog steeds geen overeenstemming met de aanwoners van de Sitadel over de aanleg van de riolering was, er problemen ontstonden om dat de oude dienstleidingen van water en gas beslist vernieuwd moesten worden. Die werken konden niet wachten tot er overeenstemming was met de bewoners. Er is besloten dat werk goed af te maken door opnieuw een slijtlaag over het asfalt aan te brengen. Over het algemeen wordt er werk met werk gemaakt, maar niet altijd lukt dat. Mefrou Dekker bedanket de wethâlder foar it antwurd. Se fynt it wat in dreech antwurd om't de minsken al jierren dêr wenje mei fersakke diken ensafuorthinne. It hie foar har gefoel ek noch wol in jier wachtsje kinnen. Se giet der fan út dat der yn it ferfolch goed op wurk mei wurk meitsjen letten wurdt. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar it aktualisearjen fan it rioelbehearssysteem. Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel ta oanpassing fan de riolearing yn de omjouwing fan Leppebuorren te Akkrum. Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 10. Utstel om yn prinsipe gjin planologyske meiwurking te ferlienen oan it fersyk ta ferpleatsing fan in agrarysk bedriuw nei it gebiet de Greate Mar oan 'e súdkant fan Wergea. Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 12. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar in hea-opslach op it perseel Grêft 4 te Warten. Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 13. Utstel oangeande bydrage oan Nasjonaal geskink Argentinië. De hear Bouma seit dat syn fraksje dit gjin gemeentlike taak fynt. Syn fraksje is dêrom tsjin. Mefrou Troost seit dat har fraksje dit stânpunt dielt. As arguminten fiert har fraksje oan dat boar- gers seis in ôfwaging meitsje kinne; honorearje kin presedintwurking ta gefolch hawwe en der is hjir gjin sprake fan in rampsitewaasje. De hear De Jong seit dat syn fraksje tsjin it útstel is. Dit is mear foar it partikuliere inisjatyf. De hear Soeten seit dat syn fraksje ek tsjin it útstel is. Dit is net in taak foar de lokale oerheid en dit fersyk honorearje jout presedintwurking. Wethouder Jonkers zegt dat hij kennis neemt van de duidelijke uitspraak van de raad. De foarsitter konstatearret dat dit útstel mei algemiene stimmen fersmiten is. 14. Utstel ta it fêststellen fan de feroardering op de riedskommisjes 2002. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje mei in moasje komt mei de folgjende tekst: Pagina 3 04. notulen 20 augustus 2002/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 6