"De gemeenteraad van Boarnsterhim in vergadering bijeen op 20 augustus 2002 wil de eerste zin van artikel 11 van de "verordening op de raadscommissies veranderen in: De voorzitter 2endt tenminste veertien dagen voor een vergadering de leden enz. enz. en gaat over tot de orde van de dag." De motie wordt ingediend door de fracties van VVD en GB2000. Wethâlder Bouma seit dat sy net reagearje kin as ferfanger fan de foarsitter fan de ried. It giet der hjir om wat de ried der seis fan tinkt. Dochs merkt sy op dat de stikken no ek al tsien dagen fan tefoaren tastjoerd wurde. De termyn feroarje yn fjirtjin dagen kin ek betsjutte dat stikken dy't no noch wol meistjoerd wurde kinne dan net mear behannele wurde kinne en dus in moanne wachtsje moatte. De foarsitter freget de kommisjefoarsitters te réagearjen. De hear Gerbrandij wiist op artikel 12, lid 1Earst kin der dan in foarriedige wurklist makke wur de. Dêrnei kinne der noch eventueel stikken neistjoerd wurde. Syn fraksje kin wol ynstimme me" de útstelde wiziging. Mefrou Dekker seit dat sy net krekt de konsokwinsjes fan sa'n feroaring oersjen kin. As kornpro- mis draacht sy oan de termyn te feroarjen yn tsien dagen. De hear Zijlstra stipet dit léste. De hear Van der Meulen seit dat hy ek tinkt dat de termyn feroarje moat yn fjirtjin dagen. De hear Bijlsma seit dat hy ek wol meigean kin yn it feroarjen yn fjirtjin dagen, mei de argumintaasje fan de hear Gerbrandij. De hear Postma soe wol ta wolle op twa wike, mar hy sjocht ek wol dat guon saken gau ta be- slútfoarming komme moatte. Wichtige saken meie bést in pear dagen letter tastjoerd wurde. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje de moasje hanthavenet. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje him delleit by de winsk fan de ried. It hat lykwols wol t«- gefolch dat der twa kear publisearre wurde moat yn Op 'e Hichte. De hear Bijlsma seit dat de publikaasje yn Op 'e Hichte lykwols mar ien kear hoecht te barren. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Artikel 11 wurdt wizige yn dy sin dat "7 dagen" feroare wurdt yn "14 dagen" 15. Nijbou gemeentehûs Boarnsterhim. De hear Postma seit dat foar syn fraksje in Klankbordgroep net hoecht. De riedskommisje jout foldwaande romte foar ynformaasjeferstrekking en diskusje. It proses om te kommen ta in nij gemeentehûs moat folslein yn 'e iepenbierens barre. It kolleezje stelt út in Klankbordgroep yn it libben te roppen mar dan allinne as in platform om ynformaasje troch te jaan. Hy tinkt dat rjoch- tingjouwende útspraken yn de kommisje oan de oarder komme kinne en net yn de Klankbord groep. Dan is de fraach wat dan noch de rol fan de Klankbordgroep is. Syn fraksje stelt út in yn- tegrearre tematyske byienkomst fan de kommisje te belizzen. In Klankbordgroep mei allinne in yn- formatyf karakter sil hy him net tsjin fersette. Krijt de Klankbordgroep in oare ynhâld dan leit dat Pagina 4 04. notulen 20 augustus 2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 7