De hear Janse seit dat syn fraksje ynstimme kin mei punt 1 fan it útstel, mar mei in opmerking dat der yn it ferline altiten wat oars sein is dan dat yn de ynformaasje stiet, nammentlik dat de húsfestingskosten fan it nije kantoar net heger wêze soene as fan it besteande. Dit is dus al de earste óffaller en dêr moat noch mar ris goed nei sjoen wurde. Yn it riedsútstel fan 18 desimber 2001 is net oer de Klankbordgroep praten sa as no yn dit útstel stiet. Der is ek neat oer yn de notulen te finen. Troch yn de Klankbordgroep sitten te gean giet in riedslid him bemuoien mei de útfiering. Yn it duale stelsel is it kolleezje der foar de útfiering en de ried foar it belied, it jild en de kontrole. In Klankbordgroep kin net allinne foar it jaan fan ynformaasje wêze, dan soe it in "Yn- formaasje-absorbeargroep" wêze. De namme Klankbordgroep jout al oan dat der ek wat werom ferwachte wurdt. len fan de taken fan de Klankbordgroep, sa stiet yn it útstel, soe wêze kinne yt oerlis mei de omwenners belutsen wêze te kinnen. Yn it duale stelsel hawwe neffens him de ried en it kolleezje elts harren eigen trajekt. Tegearre yn in Klankbordgroep mei de omwenners prate jout betizing. By de taken fan de Klankbordgroep stiet yn it útstel neat oer finânsjes, mar boppe- oan side 3 stiet "wellicht is het investeringsoverzicht en het meerjareninvesteringsplan punt van overleg in de Klankbordgroep". Hjir wurdt dus al oer oerlis praten en net allinne oer ynformaasje. Hoe moatte riedsleden dy't yn de Klankbordgroep sitte, harren aanst gedrage as de finânsjes yn de ried behannele wurde moatte? Dy kinne it dêr wolris dreech mei krije. De portefúljehâlder, boargemaster Dijkstra, is foarsitter fan de ried, fan it kolleezje, fan de Stjoergroep en aanst ek fan de Klankbordgroep. Nei syn betinken hat de portefúljehâlder dan tefolle petten op en dat moat De hear De Vries seit dat syn fraksje dit in hiel goed útstel fynt en dat der mei faasje mei begûn wurde moat. In Klankbordgroep is in wichtich ûnderdiel yn in hiel dynamysk proses as dit. In Klankbordgroep jout de mooglikheid ta koarte linen, in soad kommunikaasje ûnderelkoar, koartom hiel ynteraktyf. In Klankbordgroep kin de oalje yn de motor fan dit projekt wêze. It is net goed om de boargemaster én foarsitter wêze te litten fan de Klankbordgroep én fan de Stjoergroep. Moog- lik kin de riedsgriffier of de fice-foarsitter fan de ried foarsitter wêze fan de Klankbordgroep. De Klankbordgroep en de oerlisgroep mei de omwenners soene op it selde nivo komme moatte. Ek soe in lid fan de Klankbordgroep lid wêze kinne fan de oerlisgroep mei omwenners en oarsom. Ek de amtlike organisaasje soe fia bygelyks de Undernimmingsried by it proses belutsen wurde moatte. Sy fraksje freget omtinken foar de yntegrale oanpak. Der wurdt noch wachte op de Sportnota, de omwenners jouwe ek oan dat sy oer it bredere plaatsje meiprate wolle dan allinne it nije gemeentehûs. De hear Bouma seit dat syn fraksje yn it earstoan net sa entûsjast wie oer it ynstellen fan Klank bordgroep. No fynt syn fraksje dat wol in goed idee. It foarsitterskip fan de Klankbordgroep fre get wol omtinken. Hy wol ek de oerlisgroep mei de omwenners in oar plak jaan yn de struktuer. Syn fraksje stelt mefrou Verkerk kandidaat foar de Klankbordgroep. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje net fielt foar it ynstellen fan in Klankbordgroep. It béste soe wêze fia moanlikse rapportaazje yn de riedskommisje de ried by te praten. Dan bliuwt de faasje der wol en sa wurdt tefoaren kommen dat de Klankbordgroep ek in soarte fan best- joersorgaan wurdt. De hear Janse seit dat de ried seis it inisjatyf nimme kin ta oerlis mei de omwenners. Syn fraksje stelt út eventueel alles fia de riedskommisje rinne te litten. Noch better is dat de ried yn it Plan fan Oanpak in tal punten oanjout dêr't hy oer kedieze wol. As foarbyld neamt hy it Program fan Easken, dat bygelyks ynfloed hat op de finânsjes. De hear Postma priuwt dat net eltsenien it meielkoar iens is. Syn fraksje is tsjin it prinsipe fan in Klankbordgroep. Hy stipet de wurden fan de hear Van der Meulen. Hy freget hoe't de projektor- ganisaasje der krekt útsjocht: wêr lizze de taken, ferantwurdlikheden en foech. Wat is it Plan fan Pagina 5 04. notulen 20 augustus 2002/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8