Oanpak? Hoe ferrint it kommunikaasjeproses en hoe wurdt omgien mei de budzjetearing. Yn al dizze fragen hat de ried noch gjin ynsjoch. Mefrou Dekker ynterrumpearret dat tal fan gemeenten yn soksoarte projekten in Klankbordgroep ynsteld hawwe. Hoe sjocht de hear Postma de weromkeppeling nei de kommisje dan? Wykliks feroaret de sitewaasje en de kommisje komt mar ien kear yn de moanne byelkoar. De hear Postma seit dat syn fraksje net by elts detail fan de planûntwikkeling belutsen wurde wol. It giet der om de romme kaders fan te foaren fêst te lizzen. Dat kin prima yn de kommisje. De hear De Vries tinkt dat in Klankbordgroep gjin ekstra bestjoersorgaan is. De funksje en de rol fan in Klankbordgroep wurdt wol wat oanfield, mar der is noch tefolle ûndúdlik om no al ja te siz- zen tsjin it ynstellen fan in Klankbordgroep. Dan is it wiis om earst in neiere omskriuwing fan it wurk, de taken, it foech fan de Klankbordgroep te meitsjen foardat definityf nee sein wurdt. Hy heart graach de réaksjes fan de fraksjes. De hear Van der Meulen bliuwt derby dat in Klankbordgroep hast in ekstra bestjoerslaach yn- hâldt. Syn fraksje fynt rapportaazje yn de kommisje foldwaande. Earst moatte dúdlik de kaders fêststeld wurde en dêrnei is it oan it kolleezje. Hy fielt net foar it ynstellen fan in Klankbordgroep. De hear Bouma seit dat syn fraksje de miening fan Gemeentebelangen dielt dat der kaders steld wurde moatte. Syn fraksje is lykwols foar it ynstellen fan in Klankbordgroep. Der kin lykwols wol rapportearre wurde oan de riedskommisje, bygelyks troch in Nijsbrief of soksawat. De hear Janse seit dat syn fraksje net yn in Klankbordgroep sitte wol. Hy is, sjoen it duale stel sel, net foar it ynstellen fan in Klankbordgroep. Hy is bang dat in Klankbordgroep in mas- seargroep" wurdt en dêr hat hy gjin ferlet fan. De hear Postma seit dat as it proses útwurke wurdt sa as hy yn de twadde termyn sketst hat en mocht der dan in Klankbordgroep nedich wêze, dan sil syn fraksje him dêr net tsjin fersette as dêrtroch it proses flugger ferrinne kin en it foech fan de riedskommisje net oantaast wurdt. De hear De Vries hat it byld krigen dat net krekt bekend is wêr't it oer giet, der wurdt ek byelkoar lâns praten. Hy stelt út in dúdlike omskriuwing fan taak, foech ensafuorthinne fan de Klankbord groep te meitsjen. As bliken docht dat der foar sa'n Klankbordgroep romte is en dat in Klank bordgroep in tafoege wearde hat soe it net ferstannich wêze net in Klankbordgroep yn te stellen. Hy freget hoe't it kolleezje dêr oer tinkt. De foarsitter seit dat bygelyks punt twa út it útstel helle wurde kin, om dat letter werom te brin- gen yn de ried. Hy freget de ried oft dat útstel oernommen wurde kin. De hear Bouma wol dit punt dan wol graach yn de earstfolgjende kommisje behannelje om de faart der yn te hélden. De hear De Vries slút him dêr by oan. De foarsitter konstatearret dat der besluten is dat punt twa fan it útstel weromnommen wurdt en dat it 30 septimber yn de kommisje behannele wurde sil. Sûnder persoanlike stimming wurdt wol mei punt 1 ynstimd. 16. Utstel ta it ynfieren fan de Wet bescherming persoonsgegevens (Wbp) Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. Pagina 6 04. notulen 20 augustus 2002/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9