Mefrou Verkerk seit dat har fraksje bliid is mei de evaluaasje. Spitich dat sy it rapport net thús krigen hat. Har fraksje fynt de Wvg in tige wichtich ynstrumint om de foarsjenningen foar handi- kapten en âlderen te ferbetterjen. Ut ûndersyk docht bliken dat in fjirde part fan de handikapten en âlderen, dy't help en foarsjennings nedich binne, net op in goede manier holpen wurde. Ek har eigen ûnderfining jout datselde byld. Benammen foar de âlderen yn de lytse doarpen binne dizze foarsjennings fan essinsjeel belang om thús wenje bliuwe te kinnen en foar de leefberheid fan dizze lytse doarpen. Har fraksje tinkt dan ek dat ynformaasje jaan allinne op basis fan in jierrek- ken en in begrutting Onfoldwaande is foar it krijen fan in byld fan de kwaliteit fan de foarsjen nings en hoe gau as dy foarsjennings ynfierd wurde. Har fraksje fynt dat it foarstel fan it kolleezje te beheind is. Sy tsjinnet út namme fan har fraksje de folgjende moasje yn: "De gemeenteraad van Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 17 september 2002 wil het voor stel van het college van B&W aangaande de evaluatie Wet voorzieningen gehandicapten (Wvg) wijzigen in "Jaarlijks wordt een uitgebreid verslag gemaakt over de uitvoering van de Wvg, waar in ondermeer aandacht wordt besteed aan de snelheid en kwaliteit van de gemeentelijke dienst verlening". Wethouder Van den Berg zegt dat in de commissie is toegezegd dat er best nog een evaluatie kan komen over 2002 en als de raad dat wil ook nog langer. Het voorstel is daar niet duidelijk genoeg op aangepast. Het college neemt de motie van de fractie van de VVD volledig over. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel, ynklusyf it amendement, beslet- ten. 27. Utstel ta it fêststellen fan it "Beleidsplan Sociale Activering". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 28. Utstel ta it fêststellen fan it beliedsferslach sosjale saken 2001. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 29. Utstel ta it tefoaren kommen fan in antennemêst yn Akkrum. De hear De Vries seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it foarstel. De bedoeling fan dit foarstel is dúdlik, mar dêr giet syn kanttekening net oer. In tariedingsbeslút skept in ferplichting en moat net te pas en en te ûnpas ynsetten wurde as middel om saken te foarkommen. Hy wol graach it tra- jekt witte fan it kommende jier om ynfolling te jaan oan hokfoar bestimming der dan wol komme moat. Wethâlder Bouma seit dat dit tariedingsbeslút nommen wurdt om te foarkommen dat der in nije mêst yn Akkrum komme kin. Der komt in artikel 30-hersjenning fan it bestimmingsplan Akkrum- kom oan, dêr't dit ynpast. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 30. Utstel ta it fêststellen fan de gedrachskoade foar riedsleden, kolleezjeleden en de boargemas- ter. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 31. Utstel ta it fêststellen fan de feroardering kommisje beswierskriften. Sünder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 32. Utstel ta wiziging fan de mienskiplike regeling "Regeling Regio Noord Friesland". Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 10 notulen 17-09-2002/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 12