wurket en as de ried dan fynt dat it oars moat, dan sii dat barre. It giet mei dizze regeling per- foarst net om in beknotting fan de ynformaasjefoarsjenning. It iennichste dat dizze regeling docht is de regels fêstlizze. Fansels kin in riedslid ek de fertroulike stikken ynsjen. As de ried in oare ferdieling fan de finansjele stipe wolle soe, hat it kolleezje dêr gjin beswier tsjin. De hear Van der Meulen freget om in tydlike sluting fan de gearkomste foar oerlis tusken de fraksjes. De fice-oarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.43 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 20.50 oere. De hear Van der Meulen seit dat hy út namme fan alle fraksjes it folgjende foarstel docht: 1.820,00 de fraksje en foar elts lid 200,00 dêr boppe-op. Hy hat fan it kolleezje begrepen dat der oer in jier, as twa jier besjoen wurde sil hoe't ien en oar ferrint. De fice-oarsitter seit dat it kolleezje dizze wiziging oernimt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it wizige útstel besletten. Yn artikel 8 wurdt no sprutsen oer 1.820,00 de fraksje en 200,00 it lid. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. 17. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 fan de Wet op de Romtelike Oardering oangeande it gebiet Waterfront te Grou en in perseel oan de Utbuorren (Zoute Poel) te Terherne. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 18. Utstel ta it ferlienen fan meiwurking oan it prinsipefersyk ta ferfanging fan in rekreaasjewente "Us Bûten" oan de Rochsleat te Warten troch in nije rekreaasjewente en de oanlis fan in nije yn- stekhaven. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje yn prinsipe ynstimme kin mei it foarstel. Syn fraksje is lykwols fan miening dat der, yn ôfwiking fan de beiiedsline, wol in simpele ynstekhaven komme kinne moatte soe om't it dêr tige drok farwetter is. Wethâlder Bouma seit dat de ried in beiiedsline fêststeld hat. Sy tinkt dat it foarstel fan de hear Van der Sluis it net helje sil yn de ried, no't gjin fan de oare fraksjes itselde foarstel as de hear Van der Sluis docht. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 19. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 WRO oangeande In dustriewei 25-27 te Jirnsum. De hear Soeten seit dat syn fraksje fan miening is dat it hjir giet om in probleem fan de hear Hokwerda en net fan de gemeente. De kalkulearjende boarger tinkt dat der wol boud wurde kin sünder fergunning. Jo krije lykwols noch in fergunning of it bouwurk moat ôfbrutsen wurde en dêrtsjin kin jo dan wer yn berop gean en duorret it jierren foardat it bouwurk echt ôfbrutsen wurdt. Mar sa'n sitewaasje stiet wol heaks op it fêststelde hanthaveningsbelied fan de gemeente en de rjochtsgelikens is fier te sykjen. Syn fraksje wol graach fan de oare partijen witte hoe sy hjir yn de takomst mei omgean wolle. Syn fraksje pleitet foar sanksjes as dûbele leezjes of grutte boetes. Wat binne de mooglikheden fan de gemeente hjiryn? Pagina 4 notulen 1 7-09-2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 6