De hear Janse seit dat de bou al realisearre is sûnder in boufergunning en wylst der noch in ta- riedingsbeslút nommen wurde moat. Syn fraksje is fan betinken dat dizze Ondernimmer gjin res- pekt hat foar de oerheid. Dit fynt hy hiel spitich, benammen om't de gemeente dwaande is de ferhâlding mei de boargers te ferbetterjen. Dit is gjin iensidich proses, it moat fan beide kanten komme. Dizze ûndernimmer hat dêr blykber gjin boadskip oan. Syn fraksje fynt it dan ek spitich dat de gemeente net hanthavenjend fanwegen kommen is. Dat stipet nammentlik sok ferkeard gedrach. Beide gedragingen dogge de gemeente skea. Syn fraksje wol syn ôfkarring ótsprekke oer it gedrach fan de ûndernimmer en it net hanthavenjend optreden fan de gemeente. Dit ge drach fan de ûndernimmer is lykwols gjin argumint om in boufergunning te wegerjen. Dêrom stimt syn fraksje, al is it net fan herten, yn mei it foarstel. Foar de Ondernimmer jildet: wolle jo respektfol behannele wurde, dan moatte jo ek respekt jaan. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje ek tsjin de ûndernimmer sein hat dat syn gedrach net goed is en dat der in boustop oplein wurdt. De ûndernimmer hat lykwols it risiko nommen it bouwurk óf te bouwen. Yn it hanthaveningsbelied wurde minsken oanskreaun as dat nedich is en dan be paalt it kolleezje oft de bou noch legalisearre wurde kin. Yn in grut tal gefallen kin dat en yn inke- le net en dan moat it bouwurk fuorthelle wurde. Yn dit gefal wie it sa dat der al in jachthaven wie en wêrfan de bestimming feroare wurde moat. Fandêr dat it tariedingsbeslót nommen wurde moat en dêrnei de bestimmingsplanwiziging. Dat duorret meielkoar sa'n oardel jier. Oan de oare kant is it sa dat de Ondernimmer in kwaliteitslach makket en hy woe graach it toiletgebou dêr foar de simmer delsette. It kolleezje is hiel goed dwaande mei it hanthaveningstrajekt. Der binne boppe de 50 oanskriuwingen west en yn 17 gefallen moast it bouwurk fuorthelle wurde. Dêrn- jonken is in tal kear in boustop oplein. Mefrou Dekker mient dat it bouwurk pas Ontdekt is doe't it al klear wie. Kin der ónder de bou net in twangsom oplein wurde? Wethâlder Bouma seit dat der wol in twangsom oplein wurde kin. Mar as de gemeente wol mei- wurkje wol oan de legalisearing dan wurdt der gjin twangsom oplein. Yn dit gefal is ek gjin twangsom oplein. De hear Ziilstra fynt dat de ried yn dit gefal mislieden is. De wethâlder hie de ried folie earder yn- formearje moatten dat it bouwurk al klear is en dat der eins pro forma noch tastimming ferliend wurde moat. Wy komme no yn striid mei ós eigen hanthaveningsbelied. Wethâlder Bouma seit dat dy konstatearing op himsels krekt is. Allinne hat sy de ried net earder ynformearje kind. De foarsitter slót de gearkomste tydlik om 21.07 oere foar oerlis yn it kolleezje. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.10 oere. Wfithâlder Bouma seit dat sy ynljochte is dat der formeel gjin boustop oplein is. Der is by it begjin fan de oanfraach wol sein dat der net boud wurde mocht. Pas letter is óntdutsen dat it bouwurk der al stie. Dit is de krekte sitewaasje, sa't it west hat. De hear Soeten seit dat dit dochs wol hiel dreech leit. As it kolleezje taseit dat yn it ferfolch in boustop twangsom oplein wurdt, syn fraksje no akkoart gean kin mei it foarstel. De hearen Janse en Hemminga diele dizze miening. De hear van der Meulen hat in mear nuansjearre ferhaal. De Ondernimmer is der op wezen dat hy net bouwe mocht. Der is achteróf konstatearre dat it bouwurk der al stie. Op basis dêrfan wurde 4 Pagina 5 notulen 17-09-2002/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 7