de prosedueres ôfwikkele. It kolleezje hat dêryn korrekt hannele. Der koe gjin boustop oplein wur de om't it bouwurk pas Ontdekt is doe't it al klear wie. Wethâlder Bouma seit dat de hear Van der Meulen de spiker op 'e kop slacht. Mefrou Dekker freget hoe't it kolleezje yn de takomst omgean wolle sil mei ditsoarte gefallen. Tinkt it kolleezje dan ek oan dûbele leezjes of oarssoartige boetes? De hear Janse seit dat, as der nei it oplizzen fan in boustop dochs trochgien wurdt mei de bou, der boetes oplein wurde moatte en mooglik moat der seis plysjetwang tapast wurde. De hear Van der Meulen seit dat wat dizze Ondernimmer boud hat yn prinipe binnen de regeljou- wing past. Allinne fanwegen it feit dat der gjin adekwaat bestimmingsplan is en it hiel lang duor- ret foardat in boufergunning ôfjûn wurde kin, hat dizze Ondernimmer besletten dochs alfêst mar te bouwen. Dan kin de ried wol hiel krachtich in boustop en oare sanksjes oplizze, mar dêr moat wol hiel foarsichtich mei omgien wurde. As der saken boud wurde dy't ek net legalisearre wurde kinne, moat der ôfbrutsen wurde as in twangsom oplein wurde. De hear De Vries seit dat de hear Van der Meulen dus eins romte lit foar yllegale bou. De hear Van der Meulen seit dat dat net sa is. Mar as saken legalisearre wurde kinne, moat dêr oars mei omgien wurde as saken dêr't dat net by kin. Dêrnjonken moat ek de hên yn eigen best- joerlike boezem lein wurde om't de bestimmingsplannen allegearre noch lang net aktualisearre binne. De mooglikheden fan dûbele leezjes en oare boetes moatte besjoen wurde. De hear Hemminga seit dat it in helder belied is om by yllegale bou direkt in boustop op te lizzen ensafuorthinne. Dat der dan problemen Ontsteane foar de oanfreger kin hy him wol foarstelle, mar dêr moat net oan tajûn wurde, want wêr moat dan de grins lein wurde. De hear Bouma seit dat de gemeente him yn prinsipe koart by de wet hélde moat. Hy freget yn hoefiere it hanthaveningsbelied ek noch oanskerpe wurde sil. Hy referearret ek noch oan Op'e Hichte dêr't in boufergunning neamd stiet yn Wergea, mar it hûs is al hast klear. De hear Postma nimt syn plak yn. Wethêlder Bouma seit dat as it kolleezje formeel in boustop opleit dan der ek in twangsom folget. It giet der om wannear't it yllegale bouwen konstatearre wurdt. It hanthaveningstrajekt rint hiel goed. Der is ek in prioriteitenlist fan gebieten dêr't mear kontrolearre wurdt. Dêrnjonken wurdt reagearre op sinjalen fan buertbewenners en oaren. It gefal dat de hear Bouma neamt kin sy net. By yllegale bou wurdt earst sjoen oft it bouwurk ek legalisearre wurde kin. De hear Zijlstra seit dat as dit wer foarkomt hy net wit hoe't syn fraksje dan reagearje sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 20. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de ynfiering fan de 30 km/oere yn Grou (Stati onsweg). De hear Soeten seit dat syn fraksje fan betinken is dat by krapte oan jild allinne wurksumheden útfierd wurde moatte dy't definityf binne. Hy is net foar tydlike maatregels en syn fraksje kin dê- rom net ynstimme mei dit foarstel. Pagina 6 1 "7.nQ.9Dn9/ahsh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8