np hfiar Hemminga seit dat syn fraksje fynt dat in 30 km-gebiet foar trochgeande diken sa asjle Stationsweg net sinfol is. It automatisme fan nei elts komboerd in 30 km-sone der út moat. Syn fraksje wol ek gjin stipe jaan oan tydlike maatregels. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje akkoart giet mei it foarstel, útsein de Stationsweg. It no a| fersmeljen fan dy dyk is fanwegen de supermerken dy't op it Kooikerterrein komme en de brânwarkazerne weismiten jild. Wethouder Van den Berg zegt dat de raad zijn beleid in het gemeentelijk Verkeers- en Vervoers- Dlan heeft vastgelegd. De raad heeft daarin vastgesteld dat er 30- en 60-kmwegen zijn. Bij de meerjareninvesteringsplannen is er naast het beleid ook geld beschikbaar gesteld omdat veiligheid bovenaan staat. Er is breed ingesproken op het gemeentelijk Verkeers- en Vervoersplan, óók in Grou Is het nu zo dat de raad het vastgestelde beleid, de categoriesering van de Stationsweg als wiikontsluitingsweg wil veranderen? Er is ook over de inrichting van de weg met de inwoners van Grou gesproken. Omdat er geen geld is om tot een complete invulling te komen, is voor deze op lossing gekozen, naar aanleiding van vele gesprekken met de aanwoners en Plaatselijk Belang. En als er aan de Stationsweg niets gedaan mag worden, is het ook de vraag of er in de aanliggende straten iets gedaan moet worden. Vanwege de veiligheid moet de aanpassing ook nu gebeuren voordat er met de supermarkt op het Kooikerterrein wordt begonnen. De bevoorrading van de supermarkt zal straks via de Oedsmawei gaan. Dfi hear Soeten seit dat syn fraksje it yn dit gefal net iens is mei de timing. As der wat dien wur- de moat dan moat it fuortendaliks goed. It jild kin wol reservearre bliuwe foar de oanpassing fan de Stationswei. De strjitten dy't wol in definityf profyl krije kinne wol oanpast wurde. De hear Janse seit dat syn fraksje fernuvere is oer de opstelling fan de fraksje fan de PvdA. De ried hat "hîm~útsprutsen oer de 30- en 60kmdiken. No hawwe alle doarpen sa stadichoan in 30km-gebiet en no is it oan Grou ta en no moat dan ynienen net. En krekt Grou lient him hiel bot foar in 30-kmsóne. It foarstel fan it kolleezje moat seker trochgean. Syn fraksje nimt oan dat der goed útsocht is wat de béste maatregels binne. Hy fynt wol dat direkt nei de rotonde begûn wor de moat. De hear VanderMeulen is ek fernuvere oer it stânpunt fan de PvdA-fraksje. Der is belied, Pleat- sljk Belang is akkoart en der is jild reservearre. Better kin it net. De ried hat oanjûn te kiezen foar feilichheid en dêrom moat it foarstel fan it kolleezje altiten trochgean. De hear Hemminga seit dat it wol in punt is dat it gemeentelik Verkeers- en Vervoersplan al in tiid lyn oannommen is mei de ynsichten fan doe. De hear Janse ynterrumpearret dat oardel jier dochs net sa lang is. np hpar Hemminga seit dat der boppedat al ófpraten is dat der in evaluaasje fan in 60km-dyk komt. Dat jout ek wol oan dat it Verkeers- en Vervoersplan noch wol foar ferbettering fetber is. De doarpen binnen oer it algemien ek net sa entûsjast oer de 30 km-sóne. Oer de feilichheid op himsels is elkenien it wol iens. Syn fraksje fynt dat de 30 km-sóne net altiten mar begjinne moat by it plaknammeboerd. Foar de Stationsweg liket him dat sjoen de feilichheid ek net sa'n pro bleem. Syn fraksje wol dat it plan dér op oanpast wurdt en is tsjin dit foarstel fan it kolleezje. np hfiar Van der Sluis seit dat syn fraksje wol akkoart giet mei de 30 km-sóne yn Grou, mar hy hat beswier tsjin it fersmeljen fan de Stationsweg mei bargerechjes (betonstroken). Pleatslik Be lang wie ek net akkoart mei de fersmelling, sa hat hy begrepen. Pagina 7 notulen 17-09-2002/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9